Springe nei ynhâld

Fermanje (Berltsum)

Ut Wikipedy
Berltsumer Fermanje
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Berltsum
adres Vermaningstrjitte 3
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1841
boustyl Neoklassisisme
offisjele webside
Side doperske gemeente, Berltsum

De Fermanje oan de Vermaningstrjitte is in dopersk tsjerkegebou yn Berltsum.

Yn Berltsum wie al foar 1550 in doperske mienskip. De fermanje fan Berltsum datearret fan 1841 en ferfong doe in âldere skûltsjerke achter de Buorren 61. Grut hat de gemeente fan Berltsum lykwols nea west. Yn de Twadde Wrâldkriich loek it tal leden wat oan en it hichtepunt fan de gemeente wie yn 1960, doe't der 130 leden wiene. Dêrnei sakke it ledetal wer.[1]

It 165-jierrich jubileum fan de mennistegemeente yn 2006 wie de oanset foar in restauraasje fan de tsjerke. Om de tsjerke ek tagongkliker te meitsjen foar oare aktiviteiten waard der by dy gelegenheid in blok houten banken ferwidere.[2]

De minnisten fan Berltsum holden lang fêst oan in foarsjonger, mar yn 1916 krige harren tsjerke dochs noch in oargel achter in neogoatysk front. It ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal wie yn de rin fan de tiid nea restaurearre, mar krige op 't lêst jimmeroan mear mankeminten. It slagge de lytse gemeente yn 2015 genôch jild by inoar te krijen foar in restauraasje fan it doe hast 100-jierrige ynstrumint, dy't ûnder tafersjoch fan Theo Jellema troch Bakker & Timmenga útfierd waard. It oargel hat njoggen registers.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: