Springe nei ynhâld

Ferienfâldige Sineeske karakters

Ut Wikipedy
Foarbyld fan ferienfâldige Sineeske karakters. Der stiet, fan boppen nei ûnderen lêzend, "hànzì", dat de lânseigen Sineeske namme is foar Sineeske karakters.

Ferienfâldige Sineeske karakters of koartwei ferienfâldige Sineesk (tradisjoneel Sineesk: 簡體字 of 簡體中文; ferienfâldige Sineesk: 简体字 of 简体中文; pinyin-transliteraasje: jiǎntǐzì of jiǎntǐzhōngwén) binne standerdisearre Sineeske karakters dy't yn 'e 1950-er jierren en de 1960-er jierren yn 'e Folksrepublyk Sina ûntwikkele binne mei as bedoeling om it skriuwen fan Sineeske karakters makliker te meitsjen. Alle ferienfâldige karakters binne opnommen yn in standertlist, de Tabel fan de Algemiene Standert foar Sineeske Karakters, dy't opsteld is yn opdracht fan it regear fan 'e Folksrepublyk. Ferienfâldige Sineeske karakters foarmje de offisjele skriuwwize dy't propagearre wurdt troch de regearings fan Sina en Singapoer. Se wurde ûnderskaat fan 'e oarpronklike tradisjonele Sineeske karakters, dy't yn 'e measte oare lannen noch altyd yn gebrûk binne.

Om't tradisjonele Sineeske karakters tige dreech te learen en tiidrôvjend om te skriuwen binne, giene al yn 'e njoggentjinde iuw stimmen op om 'e yngewikkelde skriuwwize te ferienfâldigjen. Ien fan 'e earste taalkundigen dy't dêrta it foartou naam, wie Lufei Kui, dy't yn 1909 bepleite om ferienfâldige karakters yn te fieren foar gebrûk yn it ûnderwiis. Yn 'e snuorje nei de Fjouwer-Maaiebeweging fan 1919 waard op alderhanne manearen besocht om Sina te modernisearjen. Tsjin dy tiid pleiten guon saakkundigen derfoar om 'e Sineeske karakters mar hielendal ôf te skaffen, mei't se de alfabetisearring fan 'e Sineeske maatskippij en dêrmei de ûntwikkeling fan Sina yn 'e wei stiene. Lu Xun, in ferneamd skriuwer, gie sels safier om te sizzen: "As de Sineeske karakters net ferneatige wurde, sil Sina stjerre."

Yn 'e 1930-er jierren en de 1940-er jierren waard binnen it Guomintang-regear fan 'e Republyk Sina oanhâldend diskusjearre oer karakterferienfâldiging as metoade om analfabetisme yn Sina te bestriden. Yn 1935 waard in samling fan 324 ferienfâldige karakters dy't gearstald wie troch Qian Xuantong offisjeel yntrodusearre, mar yn 1936 waard dy fernijing al wer weromdraaid. Nei't de kommunisten yn 1949 de Sineeske Boargeroarloch wûn en de Folksrepublyk Sina oprjochte hiene, liet it regear fan dy nije steat yn twa weagen, yn 1956 en yn 1964, in karakterferienfâldiging trochfiere, dy't basearre wie op trije feroarings:

  • fermindering fan it tal streekjes yn ien karakter;
  • ferwidering fan in tal oerstallige karakters út 'e skriuwtaal;
  • ferfanging fan ferskate besibbe yngewikkelde karakters troch ien ienfâldich karakter.

Dat resultearre yn it ûntstean fan twa kloften Sineeske karakters njonkeninoar, mei't de measte oare lannen de fernijings net oernamen. In diel fan 'e karakters fan dy beide systemen is itselde, mei't it lang net yn alle gefallen nedich achte waard om oer te gean ta ferienfâldiging.

Neitiid kaam fierdere ferienfâldiging fan 'e karakters bekend te stean as in doel fan 'e lofterfleugel fan 'e Kommunistyske Partij fan Sina, deselde lju dy't ek de driuwende krêft wiene efter Mao syn Kulturele Revolúsje. Harren ferienfâldige Sineeske karakters fan de twadde omgong waarden yn 1977 ynfierd, mar foar in part troch de skok en ûnrêst dy't him fan Sina master makke nei it ferstjerren fan Mao, it jiers dêrfoar, waarden de nije oanpassings min ûntfongen. Yn 1986 besleaten de Sineeske autoriteiten en lûk de twadde omgong fan 'e ferienfâldiging hielendal yn. Letter datselde jiers waard der fan oerheidswegen in einlist útbrocht mei alle ferienfâldigings, dy't identyk wie oan 'e list út 1964 útsein seis feroarings, wêrûnder it ôfskaffen fan trije ferienfâldige karakters út 'e earste omgong. Yn twa gefallen kaam dêr it oarspronklike karakter wer foar yn 't plak (覆 en 像), wylst yn it trêde gefal de minder ferienfâldige foarm ynfierd waard (叠; tradisjoneel Sineesk: 疊).

Njonken de ferienfâldiging fan 'e Sineeske karakters wiene der fan 'e 1950-er jierren oant de 1980-er jierren ek ferskate inisjativen fan 'e lofterfleugel fan 'e Kommunistyske Partij om 'e Sineeske karakters hielendal oan kant te reagjen en ynstee pinyin, it offisjele systeem om Sineeske karakters te transliterearjen nei it Latynske alfabet, yn te fieren as it offisjele skrift fan 'e Folksrepublyk. Dy fernijing krige lykwols nea genôch stipe, ûnder de befolking noch ûnder de hegerein.

Sûnt it ynlûken fan 'e twadde omgong fan 'e ferienfâldiging yn 1986 hat it regear fan 'e Folksrepublyk besocht om 'e stavering fan it Sineesk te stabilisearjen troch gjin grutte nije feroarings mear troch te fieren. Yn 2009 waard in nije standertlist fan it ferienfâldige Sineesk útbrocht, dêr't 8.300 karakters op fermeld waarden. Der waarden gjin nije ferienfâldigings yntrodusearre, mar 6 karakters dy't earder omskreaun wiene as tradisjonele karakters dy't ferienfâldige en dêrom ôfskaft wiene, waarden wer werombrocht, wylst 51 'farianten' fan besteande karakters ek wer yn 'e list opnommen waarden. Fierders waard de skriuwwize fan 44 karakters justjes oanpast om mear oerien te kommen mei de regels fan 'e tradisjonele Sineeske kalligrafy. En ek waard de ûnbeheinde ferienfâldiging fan seldsume en argayske karakters, troch analogy op basis fan ferienfâldige radikalen (d.w.s. grûneleminten) en gearstalde dielen, ûntmoedige. As reden foar al dizze feroarings waard "oerferienfâldiging" opjûn. De Sineeske befolking waard oproppen om syn miening oer feroarings te jaan, en doe't in oerweldigjende mearderheid negatyf reägearre op 'e feroaring fan skriuwwize fan 'e 44 karakters, waard dat diel fan 'e feroarings net ynfierd.

In nije standertlist út 2013 telde 45 nije erkende karakters dy't earder as farianten fan ferfongen tradisjonele karakters beskôge waarden. Ek waard offisjele goedkarring jûn oan 226 karakters dy't op basis fan analogy ferienfâldige wiene en rûnom brûkt waarden, mar nea earder eksplisyt erkenning krigen hiene.

Singapoer, dêr't it Sineesk ien fan 'e fjouwer offisjele talen is (mei Maleisk, Tamyl en Ingelsk) fierde yn 1969 in earste karakterferienfâldiging troch, wêrby't 498 ferienfâldige karakters ûntstiene dy't 502 tradisjonele karakters ferfongen. In twadde omgong, wêrby't 2.287 ferienfâldige karakters tafoege waarden, folge yn 1974. Dêrûnder wiene 49 karakters dy't op in oare wize ferienfâldige wiene as yn 'e Folksrepublyk, mar dy eigen ferienfâldigings waarden ôfskaft by in trêde omgong fan nije ferienfâldigings yn 1976. Dêrmei arrivearre Singapoer by in list fan ferienfâldige karakters dy't identyk wie oan dy fan 'e Folksrepublyk. Yn 1993 waarden ek de feroarings oernommen dy't yn 1986 yn Sina trochfierd wiene. Oars as yn Sina is it yn Singapoer noch wol mooglik om yn offisjele dokuminten tradisjonele karakters te brûken as de persoan yn kwestje dêr eksplisyt om freget.

Maleizje fierde yn 1981 yn ien kear in list ferienfâldige karakters yn foar it ûnderwiis yn it Sineesk (as fak en as medium) op 'e steatsskoallen, dy't ek folslein identyk is oan 'e offisjele list fan 'e Folksrepublyk.

Alle oare lannen, wêrûnder Taiwan, Hongkong en Makau, dêr't it Sineesk in of de offisjele taal is, en Súd-Koreä, dat Sineeske karakters noch yn beheinde mjitte brûkt foar seremoniële doelen njonken it lânseigen hangul-skrift, wurde de tradisjonele karakters noch altyd brûkt. Datselde is ek it gefal foar de measte Sineeske mienskippen om utens (útsein yn Singapoer en Maleizje). Tsjintwurdich sjocht men lykwols ek ûnder de Sinezen yn lannen as de Feriene Steaten, Kanada en Austraalje in tanimmende tendins om yn ferienfâldige karakters te skriuwen. Yn guon kranten en tydskriften fan 'e Sineeske diaspora wurde beide systemen njonkeninoar brûkt. Yn Sina sels wurde (njonken de ferienfâldige karakters) de tradisjonele karakters ek noch wol brûkt, benammen foar seremoniële doelen, lykas it oanbringen fan ynskripsjes en it skriuwen fan religieuze teksten, mar ek yn logo's en om in histoaryske sfear op te roppen.

Foar- en neidielen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foardiel fan 'e ferienfâldige karakters is dat se flugger te skriuwen binne om't se út minder streekjes besteane as de tradisjonele karakters. Dêrtroch binne se makliker te ûnthâlden en dus ek oan te learen. Oan 'e oare kant kin men mei ferienfâldige karakters inkeld resinte Sineesktalige teksten lêze dy't skreaun binne yn 'e Folksrepublyk Sina, Singapoer en Maleizje. As men âldere teksten lêze wol, of teksten út Taiwan, Hongkong of Makau, dan ûntkomt men net oan it learen fan 'e tradisjonele karakters. Ear't men Sineesk begjint te learen, is it dêrom saak om jin goed ôf te freegjen wat men mei de nij-opdiene kennis wol, oars kin men der wolris raar foar komme te stean.

Yn 'e tabel hjirûnder ta ferliking in stikmannich tradisjonele Sineeske karakters en harren ferienfâldige wjergaders.

tradisjoneel
Sineesk
ferienfâldige
Sineesk

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.