Fenna Zeinstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Fenna Zeinstra (Snits, 8 maaie 1987) is in keatster en follybalster út Boalsert, dy't sûnt 2005 selektearre haadklasser wie (keatsen) en sûnt 2007 ek yn it earste team fan VC Sneek útkaam (follybal).

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fenna, folút Fenna Sietske Zeinstra is de jongste fan twa bern fan Leo Zeinstra en Annemiek Huitema.

Prizen (keatsen)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tegearre mei Géjanna Buma en Afke Walstra foarme se it ôfdielingspartoer foar Boalsert. Yn 2000 wûn Fenna tegearre mei har suster Leonie Zeinstra as in twafammen partoer de earste Ald-Meiers Partij. Yn 2004 wie Zeinstra yn it jierklassemint by de famkes earste mei 49 punten. Yn 2007 en 2011 waard Fenna Zeinstra keninginne op de Froulju's PC.

Prizen (follybal)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zeinstra is twa kear lânskampioen wêst mei VC Sneek.[1]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Leeuwarder Courant, 22 maaie 2017