Springe nei ynhâld

Femke Boersma

Ut Wikipedy
Femke Boersma
akteur
Femke Boersma (1960)
Femke Boersma (1960)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne11 desimber 1935
berteplakAmsterdam
stoarn10 febrewaris 2026 (90 jier)
stjerplakLaren
jierren aktyf1955-2000
offisjele webside
Femke Boersma yn de IMDb

Femke Boersma (skûlnamme: Femke Talma) (Amsterdam, 11 desimber 1935 - Laren, 10 febrewaris 2026) wie in Nederlânsk aktrise. Yn 1958 studearre sy ôf oan de Amsterdamske Toanielskoalle. Se siet jierrenlang by ferskate toanielselskippen en spile yn de jierren 60, 70 en 80 fan de 20e iuw ek yn films en tf-dramasearjes.

Yn de jierren dêrnei wie hja lid en ficefoarsitter fan de Ried foar de Keunst en de opfolger dêrfan, de Ried foar Kultuer. Yn de jierren santich wie sy bestjoerslid fan de Nederlandse Vereniging van Toneelkunstenaars (NVT) en dy syn opfolger Keunstbûn FNV. Se wie dosint oan de rezjyôfdieling fan de Teäterskoalle yn Amsterdam fan om 1978 hinne oant 1995.

Se wie de oarehelte fan de eardere politikus Frits Bolkestein. Derfoar wie se boaske oan akteur en skriuwer Henk Rigters (1915–2001). De lêste jierren wenne se yn it Rosa Spier Hûs in Laren

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]