Federaasje Gemeentebelangen Fryslân

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Federaasje Gemeentebelangen Fryslân (FGF), offisjeel Federatie Gemeentebelangen Fryslân, wie in provinsjale partij, dy't bestie út in ferbûn fan in stikmannich ûnderskate gemeentlike partijen.

De FGF die foar it earst mei oan de provinsjale ferkiezings yn 1995 en helle doe mei 2,4% prosint fan de stimmen ien sit yn de Provinsjale Steaten. Dat foel ôf; troch it súkses fan de pleatslike gemeentebelangepartijen hie men op mear rekkene. Yn 1995 hope men noch dat it it begjin foarmje soe fan in stadige opmars, mar dat wie sa net. Yn 1999 helle de partij 2,1% fan de stimmen en krige dêrmei op 'e nij ien sit. En ek yn 2003, doe't de partij ûnderwilens syn namme ynkoarte hie en as Gemeentebelangen Fryslân (ôfkoarte ta GF, mar soms ek ta GBF) troch it libben gie, waard der mei 1,9% fan de stimmen mar ien sit yn de wacht sleept. Doe't by de Steateferkiezings fan 2007 mei 1,4% fan de stimmen ek dy iene sit ferlern gie, foel definityf it doek foar de partij.