Fedde Schurerlêzing

Ut Wikipedy

De Fedde Schurerlêzing is in lêzing oer in tema dat ferbûn is mei dichter, sjoernalist, politikus en pasifist Fedde Schurer.[1]

De lêzing wurdt organisearre sûnt 2010. Oanlieding ta it ynstellen fan de lêzing is de betinking fan Kneppelfreed, de rebûlje yn Ljouwert yn novimber 1951 dat in nije faze yn de emansipaasje fan it Frysk ynlate. [2]

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt alle jierren organisearre op in sneontemiddei yn novimber. De lêzing is in gearwurking mei Tresoar, de Fryske Akademy, Histoarysk Sintrum Ljouwert en de Ljouwerter Krante.

De lêzing wurdt hâlden by Tresoar oan de Bûterhoeke yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes

  1. Website Tresoar
  2. Marga Kool houdt eerste Fedde Schurerlezing, www.woestenledig.nl, 2011