Fealbrún

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
fealbrún
kleurkoördinaten
heksadesimaal #C19A6B
RGBª (rgb) (193, 154, 107)
CMYKº (cmyk) (0, 14, 33, 8)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Fealbrún is is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde as in ljocht gielich of in bleek grizich brune kleur of in dûnkere foarm fan bêzje.

Kleurtechnyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is fealbrún in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch de trije primêre kleuren maginta, giel en syaan te fermingen. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ornaris ynstee fan syaan gebrûk makke fan swart, om't dat bettere resultaten jout.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pear deimen.

Yn it Ingelsk wurdt dizze tint fallow ("braak") neamd, nei de kleur fan 'e sângrûn fan braaklizzende ikkers. It is ek de kleur fan 'e deim (Dama dama), in soarte hart dat ek yn Fryslân foarkomt, en dat yn it Ingelsk fallow deer neamd wurdt. Fallow is ien fan 'e âldste Ingelske kleurnammen, en it ierste oerlevere gebrûk as sadanich datearret fan it jier 1000.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.