Fan Eeghen
Fan Eeghen is de namme fan in famylje mei in stambeam yn it genealogysk neislachwurk Nederlânsk Patrisiaat.
De famylje stammet oarspronklik út it West-Flaamske plak Kortemark.[1] Yn de 17e iuw festigen leden harren yn Steatsk-Flaanderen, wêrnei't de famylje om 1650 út West-Flaanderen wei oer Middelburch en Haarlim nei Amsterdam ferfear. Guonts rjochten dêr it keapmanshuis en letter bankiershûs, Van Eeghen & Co op.[2]
Fan 1795 oant 1818 wie Kastiel Beek en Hoff besit fan ferskate famyljeleden.[3]
Hjoed-de-dei wenje de telgen fan de famylje fral yn Amsterdam en omkriten. [4]
De genealogy fan it laach is opnaam yn it Nederland's Patrisiaat; efterelkoar yn de twadde jiergong (1911), yn de tsiende jiergong (1919) en yn de fiifenfjirtichste jiergong (1959). [5]
Bekende leden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Christiaan Pieter van Eeghen (1880-1968), presidint fan De Nederlandsche Bank
- Christiaan Pieter van Eeghen (1816-1889), keapman en filantroop
- Ernst van Eeghen (1920-2007), sakeman en diplomaat
- Esmée van Eeghen (1918-1944), fersetsstriidster
- Henri Louis van Eeghen (1887-1976), keapman en bankier
- Hester van Eeghen (1958), moade-ûntwerpster
- Isabella Henriette van Eeghen (1913-1996), argivaris en histoarika
- Jacob van Eeghen (1818-1834), dichter
- Sam van Eeghen (1853-1934), bankier en politikus
-
Christiaan Pieter fan Eeghen
-
Ernst Henry van Eeghen (1981)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Van Eeghen family fan Wikimedia Commons. |