Springe nei ynhâld

Fammesuveringsmyte

Ut Wikipedy

De fammesuveringsmyte of yn it Ingelsk de virgin cleansing myth is it ûnwiere leauwe dat in man dy't ynfektearre rekke is mei HIV, AIDS of in oare seksueel oerdraachbere sykte genêzen wurde kin troch seksuële mienskip te hawwen mei in famke dat noch faam is. Dizze myte libbet yn beskate dielen fan Afrika, benammen yn Súd-Afrika en Simbabwe, en yn mindere mjitte yn Sambia en Nigearia. It is ûnbekend hoe't men by dit fabeltsje komt, mar it is in feit dat der allinnich yn Súd-Afrika al miljoenen mannen binne dy't it leauwe, wylst it yn it oanswettende Simbabwe geande holden wurdt troch tradisjonele genêzers dy't sike manlju soks wiismeitsje, itsij om't hja it sels leauwe, itsij om har eigen macht en oansjen te fergrutsjen. Ut in ûndersyk dat yn 1999 troch seksueel foarljochters holden waard ûnder de manlike befolking fan 'e provinsje Gauteng (de tichtbefolke krite om 'e metropoal Jehannesburch hinne, it ekonomysk sintrum fan Súd-Afrika), die bliken dat 32% fan 'e dielnimmers oan it ûndersyk yn 'e fammesuveringsmyte leauden.

Neffens psycholooch Mike Earl-Taylor giet de myte werom op in leauwe dat foar it earst yn it Jeropa fan 'e sechstjinde iuw de kop opstiek, en dat fannijs yn it njoggentjinde-iuwske Fiktoriaanske Ingelân opdoek as in genêswize foar syfilis en gonorroe. Der binne ferslaggen fan 'e farianten fan 'e myte út ferskate tiden yn Afrika besuden de Sahara, Aazje, Jeropa en Noard- en Súd-Amearika. Histoarikus Hanne Blank tinkt dat it ferhaaltsje mooglik fuortkomt út 'e leginden oer kristlike fammen dy't de marteldea stoaren, en wa harren bloed oft sa suver wie dat it tsjinje koe as in foarm fan beskerming as foarfjochters fan 'e Tsjerke it tsjin demoanen opnommen.

Hoe't it ek sij, de fammesuveringsmyte wurdt rûnom oanwiisd as ien fan 'e wichtichste oarsaken fan 'e ûnbidige en skokkende taname fan it oantal gefallen fan berneferkrêfting yn Súd-Afrika, Simbabwe en oare lannen sûnt likernôch 1990. Men tinkt dat der bgl. yn Simbabwe tsien jonge famkes deis ferkrêfte wurde as gefolch fan 'e myte. Dêrby wurde, krekt as yn Súd-Afrika, beukers, pjutten en sels poppen net ûntsjoen. Der wurdt rûsd dat hjirtroch yn Simbabwe allinnich al 3.600 jonge famkes jiers mei HIV of AIDS besmet reitsje. Mar noch ôfsjoen fan it besmettingsgefaar wurde de jonge bern ûnder de ferkrêfting faak slim, soms sels libbensbedriigjend ferwûne.

Yn 2004 identifisearren Súdafrikaanske antropologen noch in oare fariant fan 'e fammesuveringsmyte, wêrby't persoanen dy't blyn, dôf, lichaamlik hendikept of geastlik beheind binne, misbrûkt wurde fanwegen it yn súdlik Afrika rûnom leaude fersin dat minsken mei beheinings net seksueel aktyf wêze kinne, en dat se sadwaande perfoarst noch faam wêze moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.