Springe nei ynhâld

Bernemisbrûk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Berneferkrêfting)

Bernemisbrûk is in foarm fan bernemishanneling wêrby't in folwoeksene of âldere minderjierrige in bern brûkt foar de eigen seksuële stimulaasje. Foarmen fan bernemisbrûk rinne útinoar fan it freegjen of ûnder druk setten fan in bern om seksuële hannelings te ferrjochtsjen (likefolle oft it bern dêr no oan tajout of net), it ûntbleatsjen fan 'e eigen geslachtsdielen foar in bern oer (ekshibysjonisme), it yntimidearjen ta of geastlik ree meitsjen fan in bern (child grooming) foar seksueel misbrûk, it hawwen fan seksuële omgong mei in bern en it produsearjen fan bernepornografy.

De wrâldwide kâns fan in bern om it slachtoffer te wurden fan bernemisbrûk waard yn in stúdzje út 2009, dy't publisearre waard yn 'e Clinical Psychology Review, rûsd op 7,9% foar jonges en in skokkende 19,7% foar famkes (dus fan alle fiif famkes op 'e wrâld wurdt der ien it slachtoffer fan seksueel misbrûk). De oangeande stúdzje wie basearre op alle beskikbere gegevens; mei't dy lykwols mar út 22 lannen ôfkomstich wiene, sille dy op guon mêden in fertekene byld jûn hawwe. Sa kaam Afrika yn it ûndersyk út op in gemiddelde fan it foarkommen fan bernemisbrûk fan 34,4%. De reden dêrfoar is dat it gemiddelde yn Súd-Afrika (wêrfan't de gegevens yn it ûndersyk meinommen wiene), Simbabwe, Sambia en Nigearia sa freeslike heech leit, om't dêr in protte leaud wurdt yn 'e saneamde "fammesuveringsmyte" (virgin cleansing myth). Dat is de ûnsinnige misfetting dat men fan AIDS genêzen wurde kin troch mienskip te hawwen mei in famke dat noch faam is. Soks liedt yn dy lannen ta in ûnbidich soad ferkrêftings fan jonge famkes, wêrby't beukers, pjutten en sels poppen net ûntsjoen wurde. Foar Afrika as wrâlddiel leit it gemiddelde sadwaande wierskynlik leger as dat út it ûndersyk bliken die. Wat de oare wrâlddielen oangie, dy hiene in gemiddelde fan 23,9% (Aazje), 10,1% (Noard- en Súd-Amearika) en 9,2% (Jeropa). Fierders bliek út 'e stúdzje dat de dieders yn likernôch 30% fan 'e gefallen famyljeleden binne en yn ûngefear 60% fan 'e gefallen freonen of bekenden fan 'e famylje, buorlju of babysitters. Yn mar sa'n 10% fan 'e gefallen wurdt it misbrûk dien troch folslein frjemden.

Bernemisbrûk kin yn bern de folgjende problemen feroarsaakje: eangstme, in ûnfermogen om folwoeksenen te fertrouwen, depressiviteit, in posttraumatysk stress-syndroom, it derta oerhingjen om letter as folwoeksene sels bern te misbrûken, en fansels lichaamlike ferwûnings, wêrûnder (by famkes) it ûnfermogen om letter bern te krijen. Bernemisbrûk wêrby't de dieder in famyljelid is, is in foarm fan ynsest, en sok misbrûk kin troch it skeinde fertrouwen resultearje yn in noch slimmer en langer duorjend psychologysk trauma, yn it bysûnder as it giet om âlderlike ynsest.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.