Fallen (filmsearje)
Fallen | ||
betinker | Creighton Rotherberger en Katrin Benedikt | |
eigner | Lionsgate Films | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 2013 | |
films | ||
langspylfilms | ● Olympus Has Fallen ● London Has Fallen ● Angel Has Fallen |
Fallen is in Amerikaanske filmsearje fan Lionsgate Films, dy't anno 2020 bestiet út trije aksjefilms: Olympus Has Fallen, London Has Fallen en Angel Has Fallen. De haadrol wurdt spile de Skotske akteur Gerard Butler as Secret Service-agint Mike Banning.
Olympus Has Fallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Olympus Has Fallen.
Yn Olympus Has Fallen, út 2013, is Mike Banning (Gerard Butler), in agint fan 'e Amerikaanske Secret Service, yn ûngenede fallen. Hy kriget de kâns om himsels rehabilitearjen as Koreaanske terroristen it Wite Hûs oanfalle en besette wylst hy dêr oanwêzich is. Gearwurkjend mei de lieding fan it Amerikaanske regear moat er in manear fine om presidint Ben Asher (Aaron Eckhart) te rêden fan syn gizelnimmers. Olympus Has Fallen, dat regissearre waard troch Antoine Fuqua, brocht wrâldwiid $170,3 miljoen op tsjin in budget fan $70 miljoen.
London Has Fallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side London Has Fallen.
Yn London Has Fallen, út 2016, reizget Banning (Gerard Butler) mei presidint Asher (Aaron Eckhart) ôf nei de Britske haadstêd Londen, foar de begraffenis fan 'e hommels ferstoarne Britske premier. It docht lykwols bliken dat de dea fan 'e premier in moard is, dy't troch terroristen begien is mei as doel om 'e wrâldlieders nei Londen te lokjen, sadat se allegearre fermoarde wurde kinne. Oan Butler de taak om presidint Asher libben en wol Londen wer út te krijen. London Has Fallen, dat regissearre waard troch Babak Najafi, brocht wrâldwiid $205,8 miljoen op tsjin in budget fan $60 miljoen.
Angel Has Fallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Angel Has Fallen.
Yn Angel Has Fallen, út 2019, wurdt Mike Banning, dy't no direkteur fan 'e Secret Service is, falsk beskuldige fan it besykjen om 'e nije presidint Allan Trumbull (Morgan Freeman) te fermoardzjen. Yn wurklikheid sit dêr in privaat befeiligingsbedriuw efter dat hierlingen traint en ferhiert. Banning begjint in race tsjin 'e klok om syn namme fan blaam te suverjen en bewiismateriaal tsjin 'e wiere bedriging te sykjen. Angel Has Fallen, dat regissearre waard troch Ric Roman Waugh, brocht wrâldwiid $147,5 miljoen op tsjin in budget fan $40 miljoen.
Takomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn novimber 2019 makke filmprodusint Alan Siegel bekend dat haadrolspiler Gerard Butler yn minimaal noch trije oare Fallen-films spylje sil. Dêrnjonken boarten de produsinten mei it idee om tillefyzjesearjes as spin-offs fan 'e filmsearje te meitsjen. Om't de films tige populêr wiene yn ferskate bûtenlânske merken, soe dan in searje yn in oare taal foar elts fan dy merken makke wurde kinne, wêrfan't de haadrolspilers letter weromkeare koene yn nije dielen fan 'e filmsearje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Fallen (filmsearje) | |
---|---|
Olympus Has Fallen (2013) • London Has Fallen (2016) • Angel Has Fallen (2019) |