FUBAR
- Dizze side giet oer it krêftwurd. Foar oare betsjuttings, sjoch: FUBAR (betsjuttingsside).
FUBAR (útspr.: "fûbar") is in krêftwurd yn 'e foarm fan in ôfkoarting dy't oarspronklik út it Amerikaansk-Ingelsk militêr jargon komt, mar dêrwei de algemiene Amerikaanske sprektaal binnenkrongen is. It stiet foar "fucked up beyond all recognition", frij oerset: "sa nei de kloaten holpen datst net mear sjen kinst wat it wie". It wurdt yn 'e regel brûkt foar ferkearde sitewaasjes of it problematyske ferrin fan militêre operaasjes dêr't de sprekker sels gjin ynfloed op útoefenje kin, mar wol de gefolgen fan ûndergean moat. It gebrûk fan 'e term FUBAR giet tebek oant de Twadde Wrâldoarloch, mar it wie tsjin 'e ein fan 'e 1980-er jierren hast yn ûnbrûk rekke, oant it wer popularisearre waard troch it gebrûk yn 'e Hollywood-films Tango and Cash (1989) en Saving Private Ryan (1998).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |