Eysmastins
De Eysmastins, ek Benners hues of Eysema huys wie in stins ûnder Aldwâld yn de gemeente Kollumerlân. It stiet east fan de dyk yn Wygeast, krekt noardlik fan de Swartewei, op tsjerkelân; it lân fan mear as 9 pûnsmiet, rint dêrwei nei de Hautmear, de ferkavelingskieding tusken Wygeast en Aldwâld. Fan de stins is neat werom te finen.
It boujier is ûnbekend. In stins dy't yn 1468 ferneatige waard en dêrnei mooglik net werboud waard, wie 'Benners hues of Eysema huys up de Wygast'. Mei oare Kollumerlânske eallju fersette Benner of Binnerd Eysema te Wygeast him yn 1467 tsjin it bûn fan Kollumerlân mei de stêd Grins, wêrby't ûndermear oerienkomd waard in kastiel of blokhûs yn Kollum te bouwen. Hy skynt koart dêrnei stoarn te wêzen. It jier dêrop waard syn hûs op Wygeast troch de tsjinstanners fan Grins foarsjoen fan proviand en soldaten om de Grinzer plannen dwers te sitten. De stêd belegere dêrop it hûs mei "bussen" en oar geskut. Syberch, de widdo fan Binnerd Eysma, joech har dêrnei mei 24 manskippen oer en mocht sûnder ferwûnings ôfsette. De stins en trije stienhuzen yn Kollumersweach waarden lykwols yn opdracht fan de Grinzers delhelle.
Twa jier letter, un 1470, sluet Syberch mei har twadde man, Lyudo Yellinge, haadling yn Britsum (fan oarsprong in Sytsma), in fredesferdrach mei Grins. Har bern krigen it Eysma-guod werom, op betingst dat se der gjin hûs 'sterker weder tymmeren' soenen, as mei tastimming fan Grins. In jier earder, yn 1469, hie Sibrich Eisma oan it konvint fan Feankleaster ien mêd yn Westergeaster Himrik ferkocht.
Yn 1543 wurdt Eysmahûs net mear neamd. Andreae tinkt dan ek dat de stins net wer opboud is. Eysma-hiem wurdt yn 1571 en 1617 noch wol neamd. Neffens Andreae syn beskriuwing wie dat it kadastrale perseel Westergeast C157, of mooglik it direkt noard dêrfan lizzende perseel (C153).
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- om 1467 Binnerd Eysema
- 1470 Syberch, widdo Eysma en Lyudo Yellinge
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|