Springe nei ynhâld

Everhard Saxo

Ut Wikipedy
It greefskip Hamalân

Everhard Saxo (om 830 - 898) wie greve fan Hamalân.

Everhard wurdt foar it earst neamd as er yn 881 meidocht oan in mislearre poging om Wytsingen út Nijmegen te ferdriuwen. Hy waard finzen naam en tsjin in losjild frijlitten. Yn 885 wied er ien fan de eallju dy't de oanslach op Godfryd de Noarman te Spijk útfierden. Everhard waard beleanne troch Karel de Dikke mei de funksje fan dux (militêr oerbefelhawwer, ek wol hartoch) fan de ferdigening Fryslân.[1]

Ien fan de oare eallju dy't ek beleanne waarden foar harren rol yn dizze moard wie Gerulf. Gerulf syn soan Waldger besocht yn it rivieregebiet in eigen greefskip te kreëarjen, om Tiel hinne. Dit late ta tanimmende spanningen mei Everhard. Uteinlik waard Everhard yn 898 troch Waldger deadien. Nei de dea fan Everhard waard syn broer Meginhard III beneamd troch kening Arnulf yn syn plak as dux.[2]

De âlden fan Everhard wiene mooglik Meginhard II (* ?- foar 880), greve fan Hamalân, en Evesa (* ?- nei 881). Meginhard II hie in broer Wichman II, dy't de heit wie fan Egbert Billung. Everhard hie in broer, Meginhard III (sa'n 915), troud mei Hildegard?, dux yn 898,[3] dy't him yn Hamaland as greve opfolge, en in soan Meginhard IV, dy't ek greve fan Hamalân waard. Everhard Saxo hie fierder noch in soan Everhard, tusken 944 en 966 greve fan Drinte en Sallân. Hy wie troud mei Amalrade, in dochter fan Reginhilde en de Westsaksyske greve Diderik.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. K. van Vliet, In kringen van de kanunniken, Munster en de kapittels in het bisdom Utrecht 695-1227, 2002, s. 150
  2. Sjoch ek K. van Vliet, s. 150.
  3. Hein Jongbloed (2013) De grafelijke (!) burcht van Zutphen yn: Zutphen – 2013/3 s. 81: Genealogische tabel/stamboom en de erfgang van de Zutphense burcht