Springe nei ynhâld

Etiopysk-Otterdokse Tsjerke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Etiopysk-Ortodokse Tsjerke)
Etiopysk-Otterdokse Tsjerke
De Katedraal fan 'e Hillige Trije-ienheid yn Addis Abeba.
De Katedraal fan 'e Hillige Trije-ienheid yn Addis Abeba.
algemiene ynformaasje
off. namme Etiopyske Otterdokse Ienheids-
   tsjerke
stifting ±45 n.Kr.
ûnôfhinklik 1959 (f.d. Koptysk-Otterdokse Tsjerke)
erkenning 1959 (Koptysk-Otterdokse Tsjerke)
titel primaat patriarch en katolikos fan Etioopje
sit primaat Addis Abeba (Etioopje)
fierdere bysûnderheden
streaming oriïntaalsk-otterdoksy
tsjerketaal Ge'ez
ledetal 45.000.000 (2006)
webside eotc-patriarch.org

De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke, folút: de Etiopyske Otterdokse Ienheidstsjerke (Amhaarsk: የኢትዮጵያ ኦርቶዶክስ ተዋሕዶ ቤተ ክርስቲያን, Yä’ītyōpyā ’Ōrtōdōks Täwāḥëdō Bētä Krëstīyān), is in kristlike tsjerke fan oriïntaalsk-otterdokse synjatuer. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e patriarch en katolikos fan Etioopje, dy't syn sit hat te Addis Abeba. De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke brûkt it Ge'ez, in deade taal en de foarrinder fan it moderne Tigreesk, as tsjerketaal, en seit 45 miljoen leden te hawwen: 38 miljoen yn Etioopje sels, en nochris likernôch 7 miljoen om utens.

De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke beweart werom te gean op in foarfal om it jier 45 hinne, dat beskreaun stiet yn it nijtestamintyske bibelboek Hannelingen fan de Apostels (8:26-40). Dêrby waard in keamerling fan 'e keninginne fan Etioopje ta it kristendom bekeard en doopt troch de evangelist Filippus.

De Kapel fan it Klaaitablet, by de Tsjerke fan Us Frouwe Marije fan Sion, te Aksum, wurdt fan sein dat dêr de oarspronklike Ark fan it Ferbûn bewarre wurdt.

It kristendom waard yn 'e fjirde iuw de steatsgodstsjinst fan Etioopje, nei't de Syryske Gryk Frumintius skipbrek lit hie op 'e kust fan Eritreä. Hy waard foar kening Ezana brocht, wist in hege posysje oan dy syn hof te bemachtigjen, en úteinlik slagge it him sels en bepraat de kening om him dope te litten. Ezana stjoerde Frumintius dêrop nei it Egyptyske Aleksandrje ta, om der by patriarch Atanasius op oan te stean en stel in biskop oer Etioopje oan. Atanasius stelde Frumintius sels oan en stjoerde him werom. Sa waard Frumintius de earste abune (it haad) fan 'e Etiopyske tsjerke.

Yn 451 fûn der op it Konsylje fan Galsedon in skisma plak, wêrby't it grutste, westerske part fan 'e tsjerke it learstik oannaam dat Jezus Kristus ien persoan wie mei twa folsleine natueren, de iene minsklik, de oare godlik. Guon lytsere, easterske dielen fan 'e tsjerke fersmieten dit dogma, en holden ynstee fêst oan 'e lear fan it Earste Konsylje fan Efeze (431), dat Jezus it godlike en it minsklike feriene yn ien wêzen (de lear fan it monofysitisme). De dissidinten út it easten kamen, doe't it stof ienris oplutsen wie, de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken te foarmjen, en dêrûnder wie ek de Koptysk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksandrje, dêr't de tsjerke yn Etioopje diel fan útmakke.

Midsiuwen en Renêssânse

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek nei de Arabyske ferovering fan Egypte bleau de bân tusken de tsjerke dêre en yn Etioopje hanthavene. Yn 1439 fûn it earste kontakt tusken de Etiopyske tsjerke en it Fatikaan plak. Yn 'e sechstjinde iuw sleaten de keizers fan Abessynje (sa't Etioopje doe hiet), in ferbûn mei de Portegezen tsjin harren mienskiplike islamityske fijannen. De oanboazjende Portegeeske ynfloed yn Etioopje late der lykwols ta dat der ek jezuïtyske misjonarissen kamen, dy't de lânseigen kristenen bekeare woene ta it rjochte, roomsk-katolike leauwe. Uteinlik wisten se yn 1624 keizer Susenyos I der sels ta bewegen om him formeel oan 'e paus fan Rome te ûnderwerpen. Susenyos makke it roomsk-katolisisme ta steatsgodstsjinst, mar fûleindich ferset fan sawol it folk as de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke twong him yn 1632 ôf te treden yn it foardiel fan syn soan Fasilides, dy't daliks it roomsk-katolisisme wer ôfskafte, yn 1633 de jezuïten de doar wiisde en yn 1665 sels alle boeken dy't de jezuïten it lân ynbrocht hiene, ferbaarne liet.

Nei 1800 jier fan wat hast wol omskreaun wurde kin as stilstân hat de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke de lêste pear iuwen in hiele rige feroarings trochmakke. Yn 'e njoggentjinde iuw waard de Bibel foar it earst oerset yn it Amhaarsk, de bestjoerstaal fan it keizerryk; foartiid hie men him altiten rêde moatten mei de oersetting yn 'e tsjerketaal Ge'ez, (te ferlykjen mei it Latyn yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke). Under de lêste keizer fan Etioopje, Haile Selassy (reg. 1930-1974) waarden der op oantrún fan it wrâldsk gesach in grut tal herfoarmings trochfierd yn 'e hopeleas efterhelle tradysjes fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke. Sa waarden yn 1942 mei in nije wet de finânsjes fan 'e tsjerke op oarder brocht, en waard yn 1944 de earste teologyske universiteit stifte. Yn 1948 waard der mei de Koptyske Tsjerke oerienstimming berikt oangeande de autosefaly (it selsbestjoer) fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke. Nei mear as tsien jier fan tarieding waard yn 1959 troch de Koptyske paus Syrillus VI fan Aleksandrië abune Baslios kroane ta de earste patriarch fan Etioopje. De patriargen fan Etioopje bleaune lykwols rekkenskip skuldich oan 'e pausen fan Aleksandrië.

De monolytyske (yn ien stik út 'e rots houde) Tsjerke fan Sint Joaris, te Lalibela.

Nei de fal fan Haile Selassy en de ein fan it keizerryk, yn 1974, ferlear de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke ûnder it marksistysk bestjoer fan it militêre Derg-regear syn posysje as steatstsjerke. Alle (útstrutsen) lânerijen fan 'e tsjerke waarden nasjonalisearre, en patriarch Tewofilos, dy't Baslios yn 1971 opfolge wie, waard yn 1976 oppakt en yn 1979 temûk eksekutearre. De militêre gûnta befoel de tsjerke om in nije patriarch oan te stellen, mar it patriargaat fan Tekle Haymanot waard troch de Koptyske Tsjerke net erkend, mei't de dea fan Tewofilos net offisjeel ôfkundige wie en dy dus foar de wet fan 'e tsjerke noch altiten patriarch wie. Hoewol't de beide tsjerken mei-inoar yn kommuny bleaune, waarden de offisjele betrekkings pas wer ferfette yn 2007.

Om't patriarch Tekle Haymanot it rezjym folle minder skewiele as dat men ferwachte hie, waard der nei syn dea, yn 1988, in ynskikliker patriarch socht. Dat waard de eardere aartsbiskop fan Gondar, dy't as abune Merkorios de patriargetroan beklom. Nei't it Derg-rezjym yn 1991 mei syn beskermhear, de Sovjet-Uny, fallen wie, moast Merkorios ûnder druk fan 'e publike opiny en fan it nije, demokratyske regear fan Etioopje opstappe. De tsjerke keas dêrop abune Paulos ta syn opfolger. Underwilens wie Merkorios nei it bûtenlân flechte, dêr't er úthold dat er twongen wie om ôf te treden en dat er dus noch altyd de legitime patriarch wie. Ferskate biskoppen giene dêrop krektlyk yn ballingskip en setten in alternative synoade op mei Merkorios oan it haad, dy't noch altiten funksjonearret en erkend wurdt troch guon Etiopysk-otterdokse mienskippen om utens yn Noard-Amearika en Jeropa.

Resinte foarfallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Eritreä yn 1993 ûnôfhinklik wurden wie, gie dêr de rop op om in eigen nasjonale tsjerke. Yn 1994 stelde de Koptyske paus Shenouda III in eigen aartsbiskop oan foar de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke, en yn 1998 waard dat tsjerkgenoatskip mei tsjinnichheid troch de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke as autosefaal erkend. Datselde jiers noch waard de earste Eritreesk-otterdokse patriarch wijd. Yn 2012 kaam patriarch Paulos te ferstjerren; yn febrewaris 2013 waard abune Mathias keazen ta de sechsde patriarch fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.