Springe nei ynhâld

Autosefaly

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Autosefaal)

Autosefaly (fan it Grykske αὐτοκεφαλία, autokefalia, dat letterlik "eigenhadich" betsjut) is in term dy't op it mêd fan tsjerklike denominaasjes in status fan selsbestjoer oanjout. Om it oars te sizzen: in autosefale tsjerke is in tsjerke wêrfan't de primaat (oftewol de liedende biskop) gjin rekkenskip skuldich is oan in biskop fan hegere rang. De term "autosefaal" wurdt benammentlik brûkt yn 'e kontekst fan it eastersk-otterdokse en it oriïntaalsk-otterdokse kristendom. Fan autosefaly wurdt sprutsen as in oekumenyske synoade of in biskop fan hege rang (lykas in patriarch of in aartsbiskop) in tsjerkeprovinsje fan syn gesach frijsteld wylst de nij selsstannich wurden tsjerke dochs yn folsleine kommuny bliuwt mei de tsjerkehierargy dêr't er dan net mear ta heard. Autosefaly kin ek sels troch in tsjerkeprovinsje útroppen wurde, mar dan wurdt dat troch biskop dêr't dy tsjerkeprovinsje hearrigens oan ferskuldige is, yn 'e regel net erkend, en wurdt dy tsjerkeprovinsje as yn opstân tsjin it rjochtlik gesach beskôge. Gauris is it lykwols sa dat in tsjerke him sels earst autosefaal ferklearret, en dat de memmetsjerke him dan in stikmannich jierren letter by dy sitewaasje delleit en de autosefaly erkend.

Om in foarbyld te jaan: yn 431 ferklearre de Tsjerke fan Syprus him autosefaal. Dat waard net erkend troch it Patriargaat fan Antiochië, dêr't Syprus oant dy tiid ûnder fallen hie. It duorre noch oant 478 oant de patriarch fan Antiochië him by de ûntstiene sitewaasje dellizze woe. Sûnt dy tiid ferkeart de Tsjerke fan Syprus yn folsleine kommuny mei alle oare eastersk-otterdokse tsjerken, wylst de aartsbiskop fan Syprus him dochs foar gjin inkele hegere autoriteit oer hoecht te ferantwurdzjen. Oare foarbylden binne de Georgysk-Otterdokse Tsjerke, dy't yn 466 autosefaal waard fan 'e patriarch fan Antiochië; de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke, dy't yn 1959 autosefaal waard fan 'e Koptyske paus fan Aleksandrië; en de Otterdokse Tsjerke yn Amearika, dy't yn 1970 autosefaal waard fan 'e patriarch fan Moskou. Guon tsjerken dy't harsels autosefaal ferklearre hawwe mar net as sadanich erkend wurde, binne de Abgazysk-Otterdokse Tsjerke, de Masedoanysk-Otterdokse Tsjerke en de Montenegrynsk-Otterdokse Tsjerke.