Engelstadt
Engelstadt | ||
Protestantske tsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mainz-Bingen | |
ferbânsgemeente | Gau-Algesheim | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 730 (2022)[1] | |
Oerflak | 7,76 km² | |
Hichte | 199.5 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 55270 | |
Koördinaten | 49° 54' N 8° 3' E | |
Offisjele webside | ||
www.engelstadt.com | ||
Kaart | ||
Engelstadt is in doarp yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Engelstadt is njonken de stêd Gau-Algesheim ien fan 'e sân Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Gau-Algesheim.
Engelstadt leit likernôch 15 km súdwest fan Mainz en hat in sterk agrarysk karakter mei in soad wynbou.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard yn 941 foar it earst yn in oarkonde as Engilestat neamd.
De Mainzer biskop Albert Stohr dûkte fanwegen syn ferset tsjin it nasjonaalsosjalisme yn 'e maitiid fan 1945 ûnder yn it protestantske Engelstadt. Trije dagen nei't de Amerikanen de stêd Mainz ynnommen hiene, kaam de biskop werom op syn post.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De protestantske tsjerke fan Engelstadt waard yn 1228 foar it earst neamd. De patroanhillige fan 'e tsjerke wie Mauritius. Bysûnder is de karolingyske latei fan 'e tagong, Yn 'e tsjerke stiet in oargel fan Hermann Dreymann út 1855.
De Merke fan Engelstadt wurdt altiten yn it twadde wykein fan septimber organisearre, it doarpsfeest yn it tredde wykein fan juny. Alle earste woansdeis fan 'e moanne is der in wynfeest, dêr't de wyn presintearre, preaun en kocht wurde kin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|