Emiel Boersma

Ut Wikipedy
Emiel Boersma
sporter
Emiel Boersma
Emiel Boersma
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 25 augustus 1980
berteplak Amsterdam
lingte 2,06 m
sportive ynformaasje
sport Strânfollybal
trener Michiel van der Kuip
earste titel Nederlânsk Kampioen strânfollybal 2005
O.S. 2008

Emiel Nicolaas Paulus (Emiel) Boersma (Amsterdam, 25 augustus 1980) is in Nederlânske strânfollybalspiler. Boersma foarmet in follybalduo mei Joppe Paulides. It duo makket diel út fan it Beach Team Holland, dat troch de NeVeBo opset is.

Sûnt Emiel Boersma tolve is, docht er oan strânfollybal. Fan syn 21e ôf is er profesjoneel strânfollyballer. Yn 2005 waard hy Nederlânsk Kampioen strânfollybal en waard er ferkeazen ta bêste spiler fan dat jier. Ek fersloech hy dat jier op it Wrâldkampioenskip it Olympysk gouden follybalduo Emanuel Scheffler Rego en Ricardo Alex Santos út Brazylje.

Tegearre mei Bram Ronnes einige hy op in njoggende plak op it WK 2008 yn Gstaad. Omdat mar twa follybalduo's per lân meidwaan meie oan de Olympyske Spullen fan 2008 yn Peking hiene se in felle striid mei it follybalduo Jochem de Gruijter en Gijs Ronnes foar in Olympyske ticket. It tredde duo Reinder Nummerdor en Richard Schuil hie harren al kwalifisearre foar de Spullen. Boersma en Ronnes wûnen úteinlik dy kwalifikaasjestriid. Op it toernoai yn Peking ferlearen se harren partij tsjin de Feriene Steaten (0-2) en tsjin Japan (1-2). Wol wûnen se fan de Dútsers Brink-Dieckmann mei (2-0).

Sûnt jannewaris 2009 foarmet Boersma in koppel mei Joppe Paulides. Hoewol't Paulides hast gjin ûnderfinings hie op it mêd fan strânfollybal, makke de twa in fleanende start. Der waard in 25e, 13e en twaris in 9e plak op de World Tour helle en der wie it 17e plak op it WK. It koppel hat as doel in Olympyske medalje te heljen op de Olympyske Spullen fan 2012 yn Londen.

Boersma hat MTS Boukunde en HBO makelerij studearre. Hy is de broer fan Cintha Boersma, earder seal- en strânfollybalster.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: