Springe nei ynhâld

Jochem de Gruijter

Ut Wikipedy
Jochem de Gruijter
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 18 april 1978
berteplak Leidschendam
lingte 1,99 m
sportive ynformaasje
sport Sealfollybal en strânfollybal
ekstra 3 kear Ned. kampioen strânfollybal
wichtige prestaasjes
EK Sealfollybal 1997

EK Strânfollybal 2006

Jochem de Gruijter (Leidschendam, 18 april 1978) is in Nederlânsk follyballer, dy't sawol as sealfollyballer as strânfollyballer ferskate prizen wûn hat.

As sealfollyballer makke Jochem de Gruijter syn debút yn Oranje yn 1995 yn in wedstriid tsjin Itaalje. Tusken 1995 en 2002 hat er 121 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1] Hy wie lid fan de ploech dy't yn 1997 it goud helle op it Europeesk kampioenskip, dat hâlden waard yn eigen lân. Yn dat selde jier waard er mei de Nederlânske ploech útroppen ta sportploech fan it jier 1997. Hy hat meidien oan trije Europeesk kampioenskippen, twa Wrâldkampioenskippen en trije edysjes foar de grutte World League. Yn de Nederlânske klupkompetysje hat er ûnder oare spile by Nesselande en Omniworld. Hy is ferskeidene kearen Nederlânsk kampioen wurden.

Yn 2003 makke Jochem de Gruijter de oerstap nei it strânfollybal, hy foarmet sûnt dy tiid in duo mei Gijs Ronnes. Tegearre binne se trijeris Nederlânsk kampioen wurden. Yn 2006 waard it duo twadde op it Europeesk kampioenskip. It duo wie yn folle tarieding op de Olympyske Simmerspullen fan 2008 yn Peking, it slagge lykwols net om meidwaan oan dy Spullen. Dêrnei keas Jochem de Gruijter der foar om werom te gean nei de seal.[2] [3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterlannen oersjoch NeVeBo
  2. "Beachvolleyballer Jochem de Gruijter keert terug bij Nesselande", VolleyPortal.nl
  3. "Jochem de Gruijter naar ORTEC Rotterdam.Nesselande ", NeVeBo