Ellen Vogel

Ut Wikipedy
Ellen Vogel
akteur
Ellen Vogel yn 1976
Ellen Vogel yn 1976
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ellen Marie Elze Anthing Vogel
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 jannewaris 1922
berteplak De Haach
stoarn 5 augustus 2015 (93 jier)
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1945–2013
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Ellen Marie Elze Anthing Vogel (Den Haag, 26 jannewaris 1922Amsterdam, 5 augustus 2015) wie in Nederlânske aktrise.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vogel wie lid fan de patrysjersfamylje (Anthing) Vogel en wie in dochter fan de foardrachtskeunstner (Louis) Albert Vogel senior en de foardrachtskeunstneres Ellen Buwalda, bekend ûnder de artystenamme Ellen Vareno. Har broer Albert en suster Tanja giene beiden ek oan it toaniel.

Vogel gie yn 1942 nei de toanielskoalle, debutearre yn 1945 by Comedia en spile fan 1950 oant 1971 ôf by de Nederlandse Comedie. Dêrneist wie se in protte yn films en op 'e telefyzje te sjen. Yn 1961 krige sy de Theo d'Or foar har rollen yn Kasteel in Zweden en Joseph in Egypten.

By har fyftichjierrich jubileum yn 1995 waard Vogel grande dame fan it Nederlânske teäter neamd, in offisjeuze titel dy 't foarhinne weilein wie foar Mary Dresselhuys. Op snein 29 novimber krige sy de Blijvend Applaus Prijs 2009 útrikt.

By gelegenheid fan har 85e jierdei ferskynde in webside mei fideo- en audiomateriaal en waard it boek Ellen Vogel oer har libben en wurk útjûn. It boek waar skreaun troch Tonko Dop en Anneke Muller.

Ellen Vogel hat troud west mei akteur Hans Tobi, mei wa't se yn 1946 in soan krige, Peter Paul Tobi . Nei har skieding fan Tobi yn 1949 wenne se oant 1955 mei regisseur Fons Rademakers. Sûnt 1976 wie se troud mei Jimmy Münninghoff. Hy stoar yn juny 2012 yn 'e âldens fan 86 jier.

Ellen Vogel ferstoar yn 2015 yn de âldens fan 93 jier. De kremaasjeplechtichheid wie op Westgaarde yn Amsterdam.

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teäter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Premjêre fan Het mes. F.l.n.r.: Hugo Claus, Marie-Louise Videc, Fons Rademakers, Reitze van der Linden, Ellen Vogel, Joop Landré

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: