Springe nei ynhâld

Ellen Datlow

Ut Wikipedy
Ellen Datlow
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ellen Sue Datlow
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 desimber 1949
berteplak New York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre ferhalebondels
prizen Hugo Award
10× World Fantasy Award
Bram Stoker Award
12× Locus Award
jierren aktyf 1981 – no
offisjele webside
www.datlow.com

Ellen Datlow (folút: Ellen Sue Datlow; New York, 31 desimber 1949) is in Amerikaansk redaktrise fan ferhalebondels en tydskriften op it mêd fan science fiction, fantasy en horror. Hja hat mei har wurk acht kear de prestizjeuze Hugo Award wûn (de wichtichste priis foar science fiction- en fantasyliteratuer), tsien kear de World Fantasy Award, en fiif kear de Bram Stoker Award (de wichtichste priis foar horrorliteratuer).

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Datlow begûn har karriêre as redaktrise yn 'e funksje fan fiksjeredaktrise fan it tydskrift Omni en de digitale ferzje Omni Online. Dat wie se fan 1981 oant 1998. Yn dyselde snuorje wie se ek redaktrise fan 'e tsien troch Omni gearstalde ferhalebondels. Fierders wie Datlow yn 1998 en 1999 ek redaktrise fan it onlinetydskrift Event Horizon: Science Fiction, Fantasy and Horror. Se wie redaktrise fan it tydskrift Sci Fiction oant dat ein 2005 opdoekt waard. Ek is se riejaand redaktrise foar it online-tydskrift Tor.com.

Fan 1988 oant 2008 wie Datlow as redaktrise belutsen by it gearstallen fan 'e Year's Best Fantasy and Horror-rige fan ferhalebondels. Oant 2003 die se dat wurk mei Terri Windling, en fan 2003 oant 2008 mei Gavin Grant en Kelly Link. Fan 2008 ôf wie Datlow (allinne) redaktrise fan 'e jierlikse ferhalebondels fan The Best Horror of the Year, dy't útjûn wurde troch Night Shade Books.

Dêrnjonken fierde se de redaksje oer in grut tal op harrensels steande ferhalebondels mei science fiction-, fantasy- en horrorferhalen; dat wurk die se faak allinnich, mar ek wol yn gearwurking mei Terri Windling en soms mei oare redakteurs, te witten: ien kear mei Nick Mamatas en ien kear mei Lisa Morton. Guon fan 'e ferhalebondels dy't ûnder redaksje fan Datlow ferskynden, binne: Little Deaths (1994), Silver Birch, Blood Moon (mei Terri Windling, 1999), The Green Man (mei Terri Windling, 2002), Salon Fantastique (mei Terri Windling, 2006), Inferno (2007), Nebula Awards Showcase (2009), Darkness: Two Decades of Horror (2010), Naked City: Tales of Urban Fantasy (2011), Hauntings (2013), Lovecraft's Monsters (2014), The Monstrous (2015), Nightmares (2016), Mad Hatters and March Hares (2017) en The Devil and the Deep (2018).

Datlow wûn yn 2002 en 2005 de prestizjeuze Hugo Award (de wichtichste priis foar fantasy en science fiction) yn 'e kategory bêste profesjonele redakteur. Ek wûn se de Hugo Award foar bêste redakteur fan koarte fiksje yn 2009, 2010, 2012, 2014, 2016 en 2017. Fierders wûn se troch de jierren hinne fiif kear in Bram Stoker Award (de wichtichste priis foar horror), tsien kear in World Fantasy Award, tolve kear in Locus Award, en trije kear in Shirley Jackson Award foar bêste ferhalebondel. Yn 2007 waard Datlow eare mei de Karl Edward Wagner Award, dy't troch de British Fantasy Convention útrikt wurdt foar treflike bydragen oan fantasy. Fierders waard har yn 2010 de oeuvrepriis fan 'e Bram Stoker Awards takend, en yn 2014 de oeuvrepriis fan 'e World Fantasy Awards.

Foar in folsleine (en byholden) bibliografy fan it wurk fan Ellen Datlow, sjoch dizze side yn 'e Encyclopedia of Science Fiction.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.