Springe nei ynhâld

Ekster

Ut Wikipedy
ekster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaieksters (Pica)
soarte
Pica pica
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De ekster (wittenskiplike namme: Pica pica), ek wol de gewoane ekster neamd ta ûnderskie fan 'e oare seis soarten dy't sa hjitte, is in fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist is lânseigen yn frijwol hiel Jeropa en teffens yn grutte dielen fan West-, Sintraal- en Noard-Aazje. It is in opfallende, middelgrutte, swartbûnte stânfûgel mei in omnivoar dieet, dy't ek yn Fryslân rûnom foarkomt. De ekster is tige yntelligint, en it is anno 2025 de iennichste fûgel dy't dúdlik foar de spegeltest slagge is. Fjouwer oare soarten út it skaai fan 'e eksters waarden foarhinne oansjoen foar ûndersoarten fan dit bist, mar wurde op basis fan 'e útkomsten fan nij DNA-ûndersyk sûnt 2018 as selsstannige soarten erkend. De IUCN klassifisearret de ekster as net bedrige.

De ekster waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1758 troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e tsien edysje fan syn Systema Naturæ. In folle eardere beskriuwing fan dizze fûgel datearret lykwols út 1555 en kaam foar yn 'e Historiæ Animalium fan 'e Switserske natoerûndersiker Conrad Gessner. Linnaeus joech de ekster de wittenskiplike namme Corvus pica, en dielde him dêrmei yn by de krieën (Corvus). It soartspesifike diel fan 'e namme, pica, is it Latynske wurd foar "ekster". It skaai fan 'e eksters (Pica) waard yn 1760 yntrodusearre troch de Frânske soölooch Mathurin Jacques Brisson. De ekster waard de typesoarte fan dat skaai, mei de nije wittenskiplike namme Pica pica.

In ekster op in peal.

De ekster sjocht der suver identyk út as de Amerikaanske ekster (Pica hudsonia), en lange tiid waarden de beide fûgels as ien-en-deselde soarte beskôge. Pas yn 2000 besleat de Amerikaanske Uny fan Ornitologen (AOU) en erken de Amerikaanske ekster as in selsstannige soarte. Ut 'e útkomsten fan nij ûndersyk hie nammentlik bliken dien dat de Amerikaanske ekster eins nauwer besibbe wie oan 'e gielsnaffelekster (Pica nuttalli), in kwa uterlik dúdlik ôfwikende soarte út Kalifornje. Alle eksters út 'e Alde Wrâld waarden lykwols noch hast twa desennia lang as ien inkele soarte beskôge, oant yn 2018 út ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e ûnderskate 'ûndersoarten' bliken die dat de Asirekster (Pica asirensis), de Easterske ekster (Pica serica), de Magrebekster (Pica mauritanica) en de swartstútekster (Pica bottanensis) eins ek selsstannige soarten wiene.

De ekster komt foar yn frijwol hiel Jeropa, de Britske Eilannen oant en mei de Sjetlâneilannen ynbegrepen, en teffens ynklusyf de eilannen yn 'e Tyreenske, Andriatyske en Egeyske See, mei dêropta Syprus. Dizze fûgel ûntbrekt inkeld yn it uterste suden fan it Ibearysk Skiereilân, op 'e Baleären, Malta, de Fêreu-eilannen en Iislân, yn it noarden fan it Skandinavysk Heechlân en yn 'e heechste dielen fan 'e Grutte Kaukasus.

In ekster yn Sweden.

Yn it easten rint it ferspriedingsgebiet troch oant Mongoalje en de Transbaikal yn sintraal Sibearje. Súdliker omfettet it noch grutte dielen fan Sinkiang-Oeigoerje, it meastepart fan Sintraal-Aazje, it noarden fan it Midden-Easten oant yn sintraal Iraan en it noardwesten fan it Yndysk subkontinint. Der bestiet in isolearre populaasje fier nei it easten ta, op it Kamtsjatkaskiereilân en yn 'e gebieten dy't dêr direkt noardlik fan lizze yn it Russyske Fiere Easten.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek yn Fryslân en alle oare dielen fan Nederlân komt de ekster rûnom foar.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekster is in middelgrutte fûgel. De eksakte grutte ferskilt nei ûndersoarte. Utgeande fan 'e nominaat, dy't yn it grutste part fan Jeropa foarkomt, hat er trochinoar in totale lichemslingtelingte fan 44–46 sm, wêrfan't mear as de helte bestiet út 'e oant 28 sm lange sturt. De wjukspanne bedraacht 52–62 sm. Fan uterlik bestiet der by dizze soarte gjin seksuele dimorfy, mar wyfkes binne justjes lytser en frijwat lichter. Mantsjes weagje 210–272 g, wylst wyfkes net fierder komme as 182–214 g.

De plasse fan in ekster.

It fearrekleed fan 'e ekster hat in opfallende swartbûnte kleur. De kop, de bopperêch, it boarst en de stuten binne swart mei in metaaleftige griene of blauwe glâns. De bealch, skouders en ûnderrêch binne poerlike wyt. De wjukken binne foar it meastepart swart, op 'e nij mei in griene of blauwe glâns dêroerhinne, mar de tsien fearren oan 'e úteinen fan 'e wjukken binne wer wyt, wat inkeld te sjen is by it fleanen. De lange sturt, dy't de fûgel goed omheech hâldt as er op 'e grûn omrint, is swart mei in griene of rodzich pearse gloed. De sterke poaten en de puntige snaffel binne swart. Juvenilen lykje op folwoeksen eksimplaren, mar misse yn 't earstoan de glâns dy't folwoeksenen oer it swarte diel fan it fearrekleed hawwe. Ek is de sturt by juvenilen folle koarter as by folwoeksen fûgels.

Behalven yn grutte ferskille de ûnderskate ûndersoarten ek op it mêd fan 'e hoemannichte wyt yn it swartbûnt fan harren fearrekleed, en hokker kleur de glâns hat dy't oer de swart befearre lichemsdielen hinne leit. De Baktryske ekster (Pica pica bactriana), út Sintraal-Aazje, hat bygelyks mear wyt op 'e wjukken en teffens promininte wite stuten.

In ekster op 'e wjuk, wêrby't de wite wjukseinen goed te sjen binne.

Folwoeksen fûgels ferfearje ienris yn it jier, wêrby't stikje by bytsje alle fearren ferfongen wurde. Dat proses begjint yn juny of july, oan 'e ein fan 'e briedtiid, en is foltôge yn septimber of oktober, moai op 'e tiid foar it winterseizoen. By juvenilen begjint it ferfearjen in moanne letter as by de folwoeksen fûgels en is it beheind ta de fearren op it lichem, wylst dy op 'e wjukken en de sturt sitten bliuwe.

Eksters jouwe sterk de foarkar oan iepen gebiet mei hjir en dêr groepkes beammen. Se mije tichte wâlden en beamleaze kriten lykas steppes, toendra's en woastinen. Fan natuere libje se yn in savanne-eftich biotoop en oan 'e boskrânen, mar se komme ek rûnom foar yn kultuerlânskippen lykas tunen, hôven, parken, en greiden en ikkers dy't ôfwiksele wurde mei bemantele pleatsen. De ekster hat him goed oanpast oan it libjen yn 'e neite fan minsken, en hy komt dan ek gauris yn stêden foar.

In juvenyl dy't noch mar koartby útflein is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekster is yn begjinsel in stânfûgel, dy't de winter yn of deunby syn briedterritoarium trochbringt. Eksimplaren dy't yn Sweden, Finlân of Ruslân deunby de noardgrins fan it ferspriedingsgebiet libje, tsjogge by strange winters soms wat mear nei it suden ta.

Eksters hawwe in tige werkenbere fokalisaasje, dy't klinkt as kch-kch-kch. It kin wêze dat dat wol tsien kear efterinoar werhelle wurdt. It klinkt suver wol wat as stikt de fûgel earne yn en besiket er dat út 'e kiel op te hoastjen. Krekt as de fokalisaasjes fan oare kriefûgels wurdt dat lûd oantsjut as krassen. Juvenile eksimplaren hawwe dyselde rop, mar uterje ek in koart, abrupt ûyk-ûyk, dat wol wat wei hat fan it keffen fan in lyts hûntsje. Ek bringe eksters (sawol folwoeksenen as juvenilen) wol in siizjend lûd fuort, dat inkeld fan deunby hearber is.

In ekster fandelet nêstmateriaal gear.

Yn 'e mande mei oare kriefûgels, lykas de raven (Corvus corax), de swarte krie (Corvus corone) en de ka (Coloeus monedula), en teffens mei beskate pappegaai-eftigen, wurdt de ekster al langer beskôge as ien fan 'e yntelligintste fûgels. Mar nije ynsichten wize derop dat it ek ien fan 'e yntelligintsten fan alle bisten is. De harsenynhâld fan eksters is, ferhâldingsgewiis nei lichemsgrutte, likernôch like grut as dy fan 'e measte minskapen en walfiskeftigen. It wurdt ornearre dat de sosjale kognysje, it fermogen ta oarsaaklik riddenearjen, de mentale fleksibiliteit, it ynbyldingsfermogen en it fermogen ta foarútsjen op takomstige foarfallen by eksters like grut is as by minskapen.

Eksters binne observearre by it dielnimmen oan yngewikkelde sosjale rituelen, mei dêrûnder mooglik ek it útdrukking jaan oan drôvens. It is de iennichste fûgel dy't op oertsjûgjende wize de spegeltest trochstien hat, dy't selsbewustwêzen yn bisten oantoant. Eksters brûke ek ark, kinne iten weromfine in healjier of in jier nei't se it ferburgen hawwe, en brûke har eigen ûnderfinings om it takomstich hâlden en dragen fan soartgenoaten te foarsizzen. Yn finzenskip hawwe se sjen litten dat se (yn beheinde mjitte) telle kinne (om oan iten te kommen), dat se minsklike stimmen neibeare kinne en dat se ark leare kinne te brûken om sels har koaien skjin te hâlden. De foarneamde geastlike fermogens fan 'e ekster wurde no as bewiis beskôge dat yntelliginsje him teminsten twaris ûnôfhinklik faninoar ûntwikkele hat, nammentlik by sûchdieren en by fûgels.

In eksternêst.

Eksters binne monogaam, en pearkes bliuwe gauris langer as ien briedseizoen byinoar. Yn 'e briedtiid fêstigje sokke pearkes territoaria dy't se ferdigenje tsjin soartgenoaten, en yn opienfolgjende jierren besette se faak min ofte mear itselde territoarium. De peartiid falt yn 'e maityd. By de balts sette mantsjes yn heech tempo de fearren op harren kop oerein en lizze se wer plat. Ek wippe se de sturt omheech en spriede en slute se de sturtfearren, en roppe se yn sêfte toanen dy't sterk ôfwike fan harren wenstige krassen. De losse fearren op 'e siden wurde oer de wjukseinen hinne lein en de fearren op 'e skouders wurde útspraat om it wyt dêre mear opfalle te litten. As op dat fertoan in wyfke ôfkomt, efterfolget it mantsje har al rinnende en fladderjende.

Foar it bouwen fan in nêst jouwe eksters de foarkar oan hege beammen, wêryn't se op grutte hichte in nêst stevich yn in strampel fan 'e boppeste tûken fêstmeitsje. It nêst sels bestiet út in ramtwurk fan tûkjes en twigen, dat tichtmakke wurdt mei klaai en dridze. Dêroerhinne wurdt in fuorring fan fine plantewoartels lein. It gehiel wurdt ôfmakke mei in stevige, mar dochs genôch ljocht trochlittende koepel fan prikken, it leafst mei stikels deroan. It nêst hat ien goed ferskûle yngong. Sokke grutte nêsten binne hiel opfallend as de beammen har blêdte ferlieze. As der earne net genôch beammen binne (en soms ek as dy der wol binne), wurde nêsten ek wol oanlein yn strûken en hagen.

It aai fan in ekster.

It wyfke leit, alteast yn Jeropa, yn april ornaris 5–6 aaien. Mar lechsels mei mar 3 of wol 10 aaien binne ek dokumintearre. It eigentlike lizzen fan 'e aaien bart ier op 'e moarn, yn 'e regel mei tuskenskoften fan likernôch in etmiel. De aaien fan 'e nominaat mjitte trochinoar 32,9 mm by 23 mm en weagje 9,9 g. Dat is lyts foar in fûgel fan dizze grutte. Fan kleur binne de aaien ornaris bleek turkwaze, besprinzge mei spikkeltsjes fan brún. Der is lykwols gâns fariaasje, sawol wat de tint fan 'e grûnkleur as de oanwêzigens en kleur fan 'e spikkels oanbelanget.

It brieden duorret 21–22 dagen en wurdt folslein dien troch it wyfke. It mantsje foerazjearret foar har en bringt har fretten yn it nêst. De piken binne nêstbliuwers, dy't blyn, keal en helpleas út it aai komme en folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden. De earste 5–10 dagen nei it útkommen fan 'e aaien bliuwt it wyfke noch op it nêst sitten, sawol om't de aaien net tagelyk útkomme as om't de piken earst har eigen lichemstemperatuer net op peil hâlde kinne. Yn dy tiid wurde sawol de piken as it wyfke fuorre troch it mantsje; neitiid foerazjearje beide âlden foar de piken. Mei 7–8 dagen geane by de piken de eachjes iepen, en omtrint dyselde tiid begjinne de fearren yn te groeien. Mei likernôch 27 dagen fleane de piken út, en ferskate dagen foartiid klauterje se al op it nêst en de neiste tûken om. Nei it útfleanen wurde se noch ferskate wiken fuorre troch de âlden. Dy beskermje har yn dy snuorje ek tsjin rôfdieren, mei't se noch net goed fleane kinne.

In eksterpyk fan in pear dagen âld.

Yn 'e regel oerlibje mar 3–4 fan 'e 5–6 piken lang genôch om út te fleanen. Guon nêsten geane ferlern oan predaasje, benammen troch rôffûgels. Mar de wichtichste faktor by pikestjerte by de ekster is ferhongering. Mei't de aaien asyngroan útkomme, hawwe de jongste piken net folle kâns om te oerlibjen as der itenskrapte hearsket, mei't de âldere en sterkere bruorren of susters dat alle beskikbere iten ynpikke. Eksters produsearje elts jier mar ien nêst piken, of it moat wêze dat it hiele earste lechsel ier yn 'e briedtiid ferlern giet. Guon eksters nimme al mei 1 jier diel oan 'e fuortplanting, mar de measten foarmje swaarmen mei oare net-briedende soartgenoaten en nimme pas mei 2 jier foar it earst diel oan 'e fuortplanting.

Libbensferwachting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By in ûndersyk nei de libbensferwachting by eksters yn it Ingelske Sheffield, wêrby't piken út ferskillende jierren ferskillend kleure ringen oan 'e poaten krigen, waard fêststeld dat mar 22% fan 'e jonge eksters it earste jier oerlibbe. Foar neifolgjende jierren lei dat persintaazje op 69%. Dat suggerearret dat de yndividuën dy't har earste jier oerlibben in trochsneed libbensferwachting hiene fan 3 jier en 81/2 moanne. De heechste âlderdom dy't ea fan in ekster optekene is, wie 21 jier en 8 moannen by in fûgel út it Ingelske Coventry, dy't yn 1925 ringe wie en yn 1947 deasketten waard.

In ekster makket in apenút lytsman.

De ekster is in omnivoar, dy't sawol dierlik as plantaardich fretten bepluzet. Dêrby is er in opportunist, dy't opfret wat it tafal him biedt. Foerazjearjen docht er foar it meastepart op 'e grûn. Op it menu steane ynsekten en harren larven en oar wringeleas dierte, lykas spinnen, tûzenpoaten en wjirms, mar ek de piken en aaien fan oare fûgels, lytse sûchdieren (benammen kjifdieren), ies (bygelyks fan yn it ferkear omkommen bisten), sieden, nuten en oare fruchten. Eksters binne der ek net te min foar om foertafels yn tunen te plonderjen, dêr't foer útstruid is foar lytsere sjongfûgels.

Eksters op 'e siik nei smaaklike parasiten yn 'e pels fan in rêstende ko.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e ekster binne ferskate soarten rôffûgels. Ek gruttere kriefûgels, lykas de raven (Corvus corax), en kriefûgels dy't yn swaarmen libje, lykas de ka (Coloeus monedula), geane eksters faak út 'e wei, hoewol't dy gjin direkt gefaar foar harren ynhâlde.

De ekster hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn tige útstrutsen ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje sûnt teminsten 1980 al stabyl liket te wêzen. Der binne gjin spesifike bedrigings foar dizze soarte identifisearre. De populaasje yn Jeropa allinnich al wurdt rûsd op 19,3–31,3 miljoen folwoeksen yndividuën en 9,7–15,7 miljoen briedpearen. De totale wrâldpopulaasje bestiet neffens in skatting fan BirdLife International út 64–104 miljoen eksimplaren, mar dêrby moat oantekene wurde dat BirdLife de Easterske ekster (Pica serica) en de swartstútekster (Pica bottanensis) noch altyd as ûndersoarten fan 'e gewoane ekster beskôget, wat in fertekene byld jout.

Yn beskate gebieten, wêrûnder dielen fan Fryslân, wurde eksters ferfolge om't se de aaien en piken fan lytsere sjongfûgels of greidefûgels opfrette. Dy ferfolging nimt almeast de foarm oan fan it útheljen fan eksternêsten of it besjitten fan nêsten mei wynbuksen of soms sels jachtgewearen. Ferskate ornitologyske ûndersiken hawwe lykwols útwiisd dat de predaasje troch eksters (en oare kriefûgels) gjin negatyf effekt hat op 'e sjongfûgel- en greidefûgelstân.

De ûndersoarten fan 'e ekster (Pica pica):
     de Baktryske ekster (P. p. bactriana)
     de Finske ekster (P. p. fennorum)
     de Ibearyske ekster (P. p. melanotos)
     de Jeropeeske ekster (P. p. pica)
     de Kamtsjatka-ekster (P. p. camtschatica)
     de Mongoalske ekster (P. p. leucoptera)
     de Sibearyske ekster (P. p. hemileucoptera)

Sûnt 2018 wurde der noch 6 of 7 ûndersoarten fan 'e ekster (Pica pica) erkend:

De Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) beskôget de Sibearyske ekster as de noardlike populaasje fan 'e Baktryske ekster.

Eardere ûndersoarten, dy't sûnt 2018 erkenning genietsje as selsstannige soarten, binne:

In ekster fan 'e Baktryske ûndersoarte P. p. bactriana yn noardlik Yndia.

Eksters yn 'e minsklike folkloare

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e folkloare fan in grut diel fan Jeropa wurdt de ekster assosjearre mei it byleauwe dat it in fûgel is dy't ûnheil of ûngelok bringt. Yn Ingelân, bygelyks, waarden eksters en oare kriefûgels foarhinne as bringers fan it kwea sjoen. Yn Skotlân waard sein dat wannear't in ekster him by it finster fan in wente ophold, dêr in stjergefal plakfine soe. Yn Sweden waard leaud dat eksters te krijen hiene mei hekserij.

Yn in grut diel fan Jeropa hearsket fierders de oertsjûging dat eksters (en oare kriefûgels) sljocht binne nei glinsterjende en glânzgjende foarwerpen, lykas stikjes glês, ealstiennen (en dus ek juwiellen) en dingen fan metaal, lykas teeleppeltsjes of ringen. De opera La Gazza Ladra fan Gioachino Rossini en it Túfke-stripferhaal Les Bijoux de la Castafiore ("De Juwiellen fan Castafiore") fan Hergé binne op dat tema basearre. Yn it ferlingde dêrfan hawwe eksters yn Dútslân, Nederlân, Skandinaavje en East-Jeropa de namme krigen dat se dieven binne. De útkomsten fan in ûndersyk út 2014 lûke it gegeven dat eksters oanlutsen wurde troch glinsterjende dingen lykwols yn twifel.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.