Egbert Broer Kielstra
Egbert Broer Kielstra | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 6 maart 1844 | |
berteplak | Ljouwert | |
stjerdatum | 4 juny 1920 | |
stjerplak | De Haach | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | Ald-liberaal anty-Takkiaan | |
Twadde Keamerlid | ||
amtsperioade | 1884-1888 1891-1894 | |
Steatsried yn bûtengewoane tsjinst | ||
amtsperioade | 1913-1920 | |
offisjele webside | ||
parlement.com |
Egbert Broer Kielstra (Ljouwert, 6 maart 1844 - De Haach, 4 juny 1920) wie in Nederlânske KNYL-ofsier, politikus en bestjoerder.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Egbert Broer Kielstra wie de twadde soan fan de Fryske ûnderwizer en amtner Jacob Reinders Kielstra Rzn. en Yfke Kylstra; der wiene seis bern. Doe't er noch mar fjouwer jier wie ferlear er syn heit. Nei de stedsboargerskoalle, Frânske skoalle en it gymnasium yn Ljouwert folge Kielstra krekt as syn broer de offisiersoplieding by de Keninklike Militêre Akademy yn Breda fan 1858 oant 1862. Dy oplieding wie tydlik fergees fanwegen te min offisieren foar it East-Yndysk leger. Hy makke dy ôf mei in oanstelling as twadde luitenant-yngenieur by it East-Yndysk Leger, en sette in healjier letter ôf nei Nederlânsk-Ynje dêr 't er oant 1884 yn aktive tsjinst bliuwe soe.
Nederlânsk-Ynje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn oanstelling gie Kielstra nei Batavia, dêr 't er wurke op it topografysk buro (1863) en it buro fan de gewestlike sjenytsjinst (1863 -1866). Yn 1866 waard er befoardere ta earste luitenant en waard er adjunkt-luitenant by de generale stêf yn Batavia. Yn 1872 wie er in skoft legere yn Banjoebiroe, fan 1873 ôf waard er kaptein en wie er yndield by it Korps Mineurs en Sappeurs. Yn 1878 krige er in amtlike funksje by it Ministearje fan Oarloch yn Batavia, wêrnei 't er yn 1879 de rang majoar krige, by de sjeny. Hy wie noch yn Atjeh legere oant er fan maaie 1881 oant maart 1882 de gewestlik befelhawwer fan de sjeny op de westkust fan Sumatra waard. Dêrnei wie er op ferlof yn Nederlân. Yn 1898 waard er úteinlik noch befoardere ta luitenant-kolonel.
Neist syn militêre karriêre hie er noch in pear oare relevante funksjes, wêrûnder it foarsitterskip fan it Yndysk Genoatskip en it foarsitterskip fan de Atjeh-Club. Hy levere ferskate bydragen oan it Yndysk Militêr Tiidskrift.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1884 waard Kielstra, nei in ynterne striid by de liberalen yn it kiesdistrikt Dokkum, foar it earst yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal keazen. Yn 1886 en 1887 waard er nochris keazen, mar yn 1888 waard er ferslein troch de antyrevolúsjonêr Okke Tietes Bosgra en nei dy syn ferstjerren in pear moanne letter troch de antyrevolúsjonêr Luutzen de Vries. Yn 1891 waard Kielstra noch in lêste kear keazen, mar yn 1894 moast er it wer ôflizze, diskear tsjin de Takkiaan Cornelis Lely.
Yn de Keamer prate er benammen oer saken dy 't it leger, de marine en de koloanjes troffen. Hy wegere yn 1886 om in foardracht ta Minister fan Wettersteat te oanfurdigjen, en waard yn 1913 beneamd ta Steatsried yn bûtengewoane tsjinst.[1]
Fan 1897 ôf wie er lid fan ferskate rieden fan kommissarissen fan bedriuwen dy 't har mei natuerlike grûnstoffen of transport yn of nei Azië dwaande holden. Ek wie er út namme fan it regear kommissaris by de Java-Sina-Japan-line, de Koninklijke Paketvaart Maatschappij en de Nederlânsk-Yndyske Spoarwei Maatskippij. Yn 1904 ûntfong Kielstra in earedoktoraat fan de Universiteit Leien.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beschrijving van den Atjeh-oorlog met gebruikmaking der officieele bronnen door het Departement van Koloniën, 3 dln. De Haach: Van Cleef, 1883, 1884, 1885
- Bijdragen tot de geschiedenis van Borneo's Westerafdeeling, 3 dln. Leien 1889, 1890, 1893
- De Indische archipel. Geschiedkundige schetsen. Haarlim: De Erven F. Bohn, 1917
- De vestiging van het Nederlandsche gezag in den Indischen archipel. Haarlim: De Erven F. Bohn, 1920
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Egbert Broer Kielstra fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk ofsier
- Frysk politikus
- Frysk bestjoerder
- Frysk liberaal
- Frysk frijmitselder
- Nederlânsk ofsier
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk liberaal
- Nederlânsk frijmitselder
- Twadde Keamerlid
- Liberalen
- KNYL-militêr
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1844
- Persoan stoarn yn 1920