Edward Vajda
Edward Vajda | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Edward J. Vajda | |
oare namme | Edward M. Johnson | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 septimber 1958[1] | |
berteplak | Mariniersbasis Camp Lejeune[1] (Noard-Karolina) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Hongaarsk Roeteensk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | taalkundige | |
aktyf as | heechlearaar, publisist | |
jierren aktyf | 1986 – no | |
offisjele webside | ||
pandora.cii.wwu.edu/vajda |
Edward Vajda (folút: Edward J. Vajda; Camp Lejeune (Noard-Karolina), 10 septimber 1958)[1] is in Amerikaansk taalkundige, heechlearaar en publisist fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk, Hongaarsk en Roeteensk etnysk komôf.[1] Hy leit him benammen ta op ûndersyk nei lytse, yn har fuortbestean bedrige talen. Yn 2010 krige er ynternasjonale bekendheid troch syn foarstel foar de foarming fan in Dené-Jenisejaanske taalfamylje, dy't talen yn Sibearje mei guons yn Noard-Amearika ferbine soe.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vajda waard yn 1958 berne op 'e Mariniersbasis Camp Lejeune, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina, as de soan fan Richard Johnson, in serzjant yn it Amerikaanske Marinierskorps, en dy syn frou Elizabeth Vajda, in typiste. Hy hiet oarspronklik Edward M. Johnson, mar naam yn 1981 syn memme famkesnamme as efternamme oan en feroare doe ek syn middelnamme. Syn heit wie fan Angelsaksysk Amerikaansk komôf, wylst syn mem Hongaarsk en Roeteensk bloed hie.[1]
Vajda sprekt floeiend Ingelsk en Russysk en kin him ek alteast fersteanber meitsje yn it Slowaaksk, Georgysk, Dútsk, Letsk, Litousk, Mandarynsk en Kettysk (in hast útstoarne taal yn Sibearje). Hy troude op 15 juny 1991 mei in Amy Logan, mei wa't er trije bern hat, Michael, Derek en Kathryn.[1]
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vajda studearre Russyske taal- en letterkunde mei as byfak Eastjeropeeske stúdzjes oan 'e Universiteit fan Indiana (IU), en behelle dêr yn 1980 in bachelortitel yn. Neitiid learde er fierder oan 'e Universiteit fan Washington (UoW) yn Seattle, dêr't er yn 1983 in mastergraad yn Slavyske taalkunde krige. Yn 1987 behelle er, ek oan 'e Universiteit fan Washington, in doktoraat yn Slavyske taalkunde mei in proefskrift oer Russyske tiidwurden dat as titel hie: Semantic Contraints on Aspectual Pairing in the Russian Verb. By syn stúdzje wie tsien moannen ûndersyk ynbegrepen, dat er útfierde yn Ruslân, oan 'e Steatsuniversiteit fan Moskou, en yn Georgje, oan 'e Universiteit fan Tbilisi.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1986 oant 1992 wie Vajda yn 'e simmers aktyf as besykjend assistint-heechlearaar oan 'e Universiteit fan Washington. Fan 1987 oant 1992 wied er assistint-heechlearaar oan 'e Universiteit fan Westlik Washington (WWU) yn Bellingham, en fan 1992 oant 1999 beklaaide er dyselde funksje oan 'e Universiteit fan Washington. Yn 1999 waard er oansteld as heechlearaar oan 'e Universiteit fan Washington. Fan 2002 ôf is er as redakteur belutsen by Word, it orgaan fan 'e Ynternasjonale Taalkundige Feriening (ILA) en fan 2006 ôf is er njonken syn heechlearaarskip ek direkteur fan it Sintrum foar Eastaziatyske Stúdzjes oan 'e Universiteit fan Westlik Washington. Ek ferfollet er sûnt 2008 de funksje fan assistint-direkteur fan it Sintrum foar Ynternasjonale Stúdzjes oan dyselde universiteit.
Vajda hat him as taalkundige benammen talein op it ûndersyk nei lytse, yn har fuortbestean bedrige talen, yn 't bysûnder de Jenisejaanske talen fan sintraal Sibearje, dy't sprutsen wurde yn it streamgebiet fan 'e rivier de Jenisej. Hy hat yn akademyske fermiddens ynternasjonale bekendheid krigen troch syn wurk oangeande de Dené-Jenisejaanske taalfamylje, dy't de Jenisejaanske talen troch in mienskiplike oertaal ferbynt mei de Na-Dené-talen út Noard-Amearika. De Eskimo-Aleoetyske talen bûten beskôging litten is dat de earste bewiisde geneälogyske link tusken talen út 'e Alde Wrâld en de Nije Wrâld dy't ea ûntdutsen (en wittenskiplik akseptearre) is.
Vajda sette syn stúdzje fan it Kettysk, de lêste noch libbene Jenisejaanske taal, yn 'e 1990-er jierren útein, doe't er nei de ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny guon Kettysksprekkers yn Dútslân ynterviewde. Letter reizge er ôf nei it Sibearyske Tomsk om dêr fjildwurk te dwaan. Yn augustus 2008 waard Vajda de earste Amerikaansk dy't it heitelân fan 'e Ketten yn it Toerûchansky-distrikt fan noardlik sintraal Sibearje besocht, dêr't er fannijs djipdollend fjildwurk die mank de likernôch 200 almeast âldere minsken dy't it Kettysk noch machtich binne. Syn konklúzjes oer it Kettysk en de taalkundige bân mei Na-Dené-talen lykas it Navaho lei Vajda fêst yn syn 67 siden tellende artikel A Siberian Link with Na-Dene languages, dat yn 2010 publisearre waard yn 'e Anthropological Papers of the University of Alaska.
Foarnaamste wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2000 – Ket Prosodic Phonology, yn: Languages of the World 15
- 2001 – Yeniseian Peoples and Languages: a history of their study with an annotated bibliography and a source guide
- 2004 – Ket, yn: Languages of the World/Materials Volume 204
- 2004 – Morfologicheskij slovar’ ketskogo glagola na osnove juzhnoketskogo dialekta ("Morfologysk wurdboek fan it tiidwurd yn it Kettysk, súdlik dialekt"; mei Marina Zinn)
- 2005 – Russian Punctuation and Related Symbols (mei V.I. Umanets)
- 2010 – A Siberian Link with Na-Dene languages, yn: Anthropological Papers of the University of Alaska
sjoch foar in folsleinere bibliografy op dizze side op de Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |