Springe nei ynhâld

Edvard Grieg Museum Troldhaugen

Ut Wikipedy
Troldhaugen
Troldhaugen, efterkant

It Edvard Grieg Museum Troldhaugen is een museum in Bergen in Noarwegen. It museum húsmannet yn it eardere hûs fan de komponist Edvard Hagerup Grieg, dat yn 1885 reekaam, wêrnei't Grieg der oant syn dea yn 1907 wenne.

De namme Troldhaugen, betocht troch Grieg syn oare helte, ferwiist nei de buert dêr't de filla leit, mar is ek in ferwizing neit de trollen, dy't yn it wurk gan Grieg in rol spylje, en "Haugen", de hichte dêr't it hûs op boud is.

De filla waard ûntwurpen troch in neef fan de komponist neffens de winsken fan Grieg. De filla krige neffens Noarske begripen grutte ruten, dat it ferwaarmjen fan it hûs yn de winter wie in toer. Grieg fûn dat net slim, mei't hy en de frou it hûs meast yn de simmer bewennen en winterdeis reizgen.

Troldhaugen leit heech op in rots dy't steil nei de fjord ôfrint. De toer op it hûs jout útsjocht op de fjord mei syn lytse fan dinnen begroeide eilantsjes. Grize rotsen, dy't de stêd Bergen ynslute, foarmje de eftergrûn. Foar it hûs leit de tún mei smelle boskpaadsjes dy't nei ûnderen oant de fjord liede. Sy rinne bylâns in steile rotswand dy't Grieg útsocht hie as lêste rêstplak.[1]

It poadium yn de Trolseal

Njonken it hûs, fierderop oan it strân, is ek de lytse hutte bewarre bleaun dêr't Grieg komponearre. Yn 1985 waard der by de filla in konsertseal (de Troldsalen) boud en yn 1995 waard it museum iepene dêr't it libben en wurk fan de komponist sintraal stiet.

Grieg hat de namme fan syn hûs feriuwige yn it stik: Bryllupsdag på Troldhaugen ('Troudei yn Troldhaugen'), op. 65, no. 6.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Passaazje út: Röntgen, J., Grieg, útj. De Haach: Kruseman, 1930, s. 32.