Springe nei ynhâld

Eddy Dykstra

Ut Wikipedy
Der moat in biezem troch dizze side helle wurde,
om de lêsberens te ferbetterjen.


Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen

* Tips foar it skriuwen fan in wikipedy-side kinne jo fine op Stikken skriuwe yn Wikpedia-styl.


Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Eddy Dykstra
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 31 desimber 1948
berteplak De Jouwer
stoarn 21 augustus 2024
stjerplak Dútslân
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre Folk
sjongtaal Frysk, Ingelsk
ynstrumint gitaar
jierren aktyf 1975 - 2024
offisjele webside
Hiemside Eddy Dykstra

Eddy Dykstra, skûlnamme foar Ids Dijkstra, (De Jouwer, 31 desimber 1948 - Dútslân, 21 augustus 2024[1]) wie in Fryske Kanadees dy't yn it Ingelsk en yn it Frysk song.

Hy wie in soan fan Sjoerd Dijkstra en Elizabeth Idsinga. Yn maart 1949 emigrearre er nei Kanada. Ids waard Eddy. Yn oktober 1958 kaam er werom nei Fryslân mei mem, Thelma, Lowell en Harvey.
Neidat Eddy syn heit yn it jier dêrfoar ferûngelokke wie it better dat de famylje werom gie nei Hollân.

Eddy song in protte en spile op syn earste bakkeliten blokfluit. Hy krige blokfluitles yn Ousterhaule, as ienige jonge tusken fjouwer famkes. Yn 1963 waard er tamboer by it korps CSC op 'e Jouwer. Letter wied er ek paukenist en in lyts skofke tamboer-maitre. Yn 1964 begûne de earste oefeningen op de gitaar. Doe waard it trio The Cads oprjochte (leadgitaar: Cees Slump, drums: jongere broer Lowell Dykstra, slachgitaar en sang: Eddy Dykstra). Yn Sint-Jânsgea winne se in 3e priis op in talintejacht. It earste optreden mei de skoalband as sjonger mei in hit fan doe: Lucky Lips. Yn 1965 folge it oprjochtsjen fan de skoalband The Movers (sang en gitaar: Eddy Dykstra, drums: Lowell Dykstra, gitaar: Minnesma, gitaar: Connie Boiten).

De earste útfiering fan klassike muzyk wie yn 1966. Eddy song mei syn mem op in âlderjûn lieten fan û.o. Buxtehude mei begelieding op 'e piano troch ien fan de leararen. Dêrnei folge it oprjochtsjen fan de beatgroep Spot'66 (sang en slachgitaar: Eddy Dykstra, leadgitaar: Cees Slump (letter ferfongen troch Lolke Eijzinga), basgitaar: Henk Ploegstra, drums en sang: Lowell Dykstra. In "bekend" eigen liet wie "Operation 45"

As tenoar song er yn it koar Bach syn Mattheüs Passion. De útfiering wie yn in tsjerke oan De Fok op It Hearrenfean. Doe't Eddy 21 jier wie, krige er syn earste pianolessen. Om stúdzjeredenen stapte Eddy út de beatgroep Spot'66. Yn 1973 waard er tsjerke-oargelist yn Terkaple. Hy siet faak in hiele sneontemiddei te oefenjen op acht ferskes. Dat hat him tige holpen om letter makliker de harmonylear yn 'e macht te krijen. By it R.K-jongerenkoar "The Martin Singers" yn Snits wied er solist-sjonger. Yn 1975 waard Eddy dirigint fan it mingd koar "Us lyts doarpke" yn Goïngaryp. Under syn lieding as dirigint hat it koar letter in 1e priis helle op in sjong-konkoers yn de AVRO-studio's te Hilfertsom. Utfierd waard it "Pater Noster". "The Martin Singers" út Snits nimme in plaat op, dêr't Eddy yn in oantal lieten (û.o.: It's me , oh Lord) de solo-sang op him nimt. Dat wie earste offisjele opname. Yn 1978 ferhuzet er en wurdt as gitarist aktyf yn It Stjittekabaret yn Oerterp. Eddy wurdt dêrnei dirigint fan it mingd koar Halleluja yn Ousterhaule. Foar in lyts skofke wurdt Eddy dirigint fan de gospelgroep Jaldei Tsion op De Gerdyk. Krijt alt-saksofoanles en lid fan De Fanfare yn Oerterp. Oprjochtsjen fan de Kantory yn Oerterp, dêr't Eddy dirigint fan wurdt, bart yn 1983. Yn 1989 is de earste professionele opname mei eigen Ingelsktalige lieten op piano by Telesound Recording yn Ljouwert, û.l.f. Ton Klein. De lieten wurde yn eigen behear opnommen en fêstlein op (kassette)tape. In pear jier letter it oprjochtsjen fan de band: Eddy-en-dy. (sang/toetsen: Eddy Dykstra, solo-gitaar: Lolke Eijzinga (âld - Spot'66) , bas: Lourens Reitsma (letter ferfong troch Ate Sietzema), drums: Eelco Sixma.) Twadde reûny-konsert fan Spot'66 yn it bowlingsintrum It Haske op 'e Jouwer. Dit kear is broer Lowell net oanwêzich. Syn plak wurdt ynnommen troch Eelco Sixma. Ek Cees Slump docht net mei.

Eddy Dykstra ferstoar op 21 augustus 2024, yn 'e aldens fan 75 jier, nei in skoft siik west te hawwen.

Mei it ynstjoeren fan it eigen piano-nûmer: Myn nûmer ien, komt Eddy yn de finale fan Liet '92. Hy docht mei ûnder de namme ED dee. It sjuery-rapport is tige geunstich en fynt it nûmer in echt Songfestival liet. Hjirmei hat Eddy syn earste stappen setten op it mêd fan de Frysk-talige muzyk Dykstra begeliedt himsels op gitaar en piano. Hy sjongt krêftige songs ûnder oaren oer syn emigraasjeproses. Op syn lêste cd liet er him ûnder oare begeliede troch Jan Ottevanger (bas) en Koos van de Velde (drums).

  • Efkes werom ( mini-cd, 2000)
  • Underweis / An emigrated son ( cd, 1998)
  • Wetter ( cd, 2002)
  • Frysk Hitfestival diel 2 ( cd mei oaren)
  • De Beste fan Omroep Fryslân, diel 3 ( mei oaren, 1998)
  • "Together" (cd 2009, mei beide soannen)
  • "Fryske Grun (ep 2014)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Omrop Fryslân, 23-8-2024, Sjonger Eddy Dykstra is op 75-jierrige leeftiid ferstoarn