Springe nei ynhâld

Eastlike Binnenpolder

Ut Wikipedy

De Eastlike Binnenpolder is in polder by Tienhoven (Stichtske Fecht) yn de provinsje Utert.

It gebiet is eigendom fan Natoermonuminten. Om it karakteristike trilfean fan de Vechtplassen mei syn eigen floara wer in kâns te jaan wurde nije petgatten groeven, in soad strewelleguod en beammen binne weihelle, sadat de trilfeanfloara wer in kâns krijt: pearelblom (wintergrien), rûne miggefangerke, grutte rinkelbel, triedsigge, reade rinkelbel en in soad orchideesoarten.

Yn it Noarderpark is eartiids fean ôfgroeven sadat petgatten fan sa'n oardel meter djip ûntstienen. De petgatten groeiden yn de rin fan de tiid ticht mei wetterplanten sadat in moeras ûntstie. Yn in perioade fan 50 oant 60 jier feroare dit moeras stadichoan yn fêst lân: ferlâning. Trilfeanen binne in tuskenstadium yn de ûntwikkeling fan wetter nei lân. Op it wetter driuwt in dik stevich pakket fan wetterplanten, woartels en deade planten. Dit 'nije' fean kin ûnder it rinnen sterk weagje en hjit dêrom 'trilfean'. Op in goed ûntwikkele trilfean komme ferskillende en karakteristike biste- en plantesoarten foar en binne dêrtroch wichtich foar de natoer.

De trilfeanen dêr't it hjir om giet kinne allinnich ûntstean yn opkweljend, fiedselearm wetter. Dit komt mar op in pear plakken yn Nederlân foar. Yn in perioade fan fiif jier wurde nije petgatten groeven. Dit bart bytiden mei grutte masines. Yn de nije petgatten kinne wer nije trilfeanen ûntstean. Dit wurdt natoerûntwikkeling neamd. It projekt is ta stân komd troch gearwurking tusken de direksje NBLF, de lânynrjochtingstsjinst en Steatboskbehear fan it ministearje fan Lânbou, Natoerbehear en Fiskerij, de Feriening Natoermonuminten en de provinsje Utert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: