Springe nei ynhâld

Early Bird

Ut Wikipedy
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Early Bird wie in Fryske countryband oprjochte yn Aldeboarn en wie aktyf tusken 1963 en 1991. De bandnamme waard yn it earstoan skreaun as The Earlybirds, letter as Early Bird.

Yn 1963 wurdt yn Aldeboarn de countrygroep The Earlybirds oprjochte troch bassist Albert Veld en sjonger/gitarist Hendrik Waringa, oanfold mei drummer Koene Paulusma en sjonger/gitarist Siebren Bangma. Twa albums binne makke yn dy perioade; 'Earlybirds' ût 1966 en 'Country & Western Songs' ût 1968. Oant 1970 binne se aktyf, dernei wurdt it stil.
Veld en Waringa beslute yn 1975 de trie wer op te pakken as Early Bird. Bystien troch steelgitarist Sjoerdjan de Wit, gitarist Marten Kootje en drummer Appie Bijlsma wurket de groep hurd oan nij repertoire. De band wurdt dan ek bystien troch de Fryske sjongster Aukje Kuiken.
Yn 1977 spilet Early Bird op in ynternasjonaal countryfestival yn West-Dútslan. Sjongster Fransien Jellema komt dan by de band. Der wurdt in soad yn it bar-dancing en jeugdsoas sirkwy optreden yn Noard-Nederlân. Se winne ek de 'Sulveren Gitaar', in priis foar de beste country act fan Nederlân. Mar letter dat jier stappe Fransien, Marten en Sjoerdjan nei muzikale mieningsferskillen dochs út de band en rjochtsje de groep New Deal op, in groep dy’t mar in pear jier bestean sil en sûnder folle súkses trije singles en in album opsmite sil.

Yn 1978 wurde de nije bandleden; eks-Grinzer ‘Zusjes’-sjongster Karina Hensens, gitarist Piet Spoelstra en steelgitarist Meine Bruinsma oanlutsen.
Dan ferskynt ek it album 'First Flight' by it label Killroy fan Johnny Hoes. De opnames fan it album waarden lykwols al makke foardat de band útinoar gie. Hensens sjongt de sang-partijen fan Fransien Jellema opnij yn. Kootje en de Wit binne nog wol op it album te hearen. De eigen komposysje fan Hendrik Waringa; 'Mother Played The Dobro' dat op it album stiet, ferskynt ek as single. It nûmer is faak te hearen op de radio. Early Bird wikselt geregeld fan bandleden (sjoch by 'Besetting'). Hichtepunten binne, neist it ûtbringen fan in oantal singles en albums (sjoch by 'Diskografy'), ûnder oaren harren dielname yn 1979 oan it "International Festival of Country Music" yn Ahoy yn Rotterdam, foar sa'n 7000 man publyk (as ienige Nederlânske band tusken ferskate Amerikaanske artysten) en optredens yn tillefyzjeprogramma's; "Van Gewest tot Gewest" (1979), "Avro's Platenpanel" (1979) en "Nederland Muziekland", fanút Maastricht en Dwingelo (1987).

Op 23 febrewaris 1991 jout de band syn ôfskiedskonsert. Mar Early Bird dûkt yn 1994 ynienen wer op as country-duo, besteande út oerlid Hendrik Waringa en Karin Wieling. Op 19 oktober 2013 jout Early Bird in reünykonsert mei âld-leden: Hendrik Waringa, Karin Wieling, Karina Hensens, Agnes Sambrink, Bert Piek, Meine Bruinsma, Leo Roodhof, Marjon Wattimena, Marten Kootje, Pieter Langius, Johannes Rudolphy, Pyt Palstra en Siebren Bangma. Bangma sjongt tegeare mei Waringa ek in oantal nûmers.

Nei jieren fan wiksjelende duofoarmings (Hendrik Waringa mei Karin Wieling, Siebren Bangma en pakesizzer Maurits van Nijen) komt van Nijen ein 2023 mei it plan om noch ien kear mei de âlde formaasje in reünie/ofskiedskonsert te organisearen en in album mei eigen (net útbrocht) wurk fan Hendrik Waringa op te nimmen. Dit alles ta eare fan it 60 jierich jubileum fan de band. Nei't van Nijen ferskate âld leden benadere hat kinne de repetysjes begjinne. Nei in oantal moannen gean se yn augustus 2024 de studio yn (Oyo Sounds, Leeuwarden), om it album 'Good Old Country Songs' op te nimmen. Neist eigen wurk fan Waringa komt der ek in eigen nûmer fan van Nijen op te stean. De âld leden Karin Wieling, Hendrik Waringa, Agnes Sambrink, Leo Roodhof, Meine Bruinsma en Pieter Langius foarmje, tegearre mei Maurits van Nijen en syn freon (gitarist) Sander Grupstra, de formaasje. Fanwege de ferwachte massale opkomst fan in protte fans, beslute se om fjouwer konserten te jaan. De konserten dy't op 4, 6, 11 en 13 april 2025 plak fine sille, binne rap útferkocht en wurde in grut súkses! Der is ek in dokumintêre makke oer headrolspilers Hendrik Waringa en Maurits van Nijen mei alde en neie bylden en oer de skiednis van de band. De film lit ek sjen hoe't Maurits syn pake oertsjûget om de âlde formaasje noch ien kear byinoar te krijen. De dokumintêre "It Libben Fan In Early Bird" is makke troch Alexander Burger en Inge Hettinga en is útstjoerd op NPO 2 en Omrop Fryslân (FryslânDOK) en is ek te sjen op YouTube. Neist de neamde formaasje binne op it album ek (âld bandlid) Pyt Palstra (sang), Frans van den Borg (piano) en Jelle Jan Wijcherson (sang) te hearen. Hendrik Waringa en Maurits van Nijen trede sa no en dan tegeare noch op ûnder de namme Early Bird.

Oarspronklike besetting:

Bandleden troch de jierren hinne:

Singles:

  • Mother Played The Dobro (1978)
  • Saturdaynight’s Allright (1979)
  • Born In A Manger (1980)
  • I Can Only Hope That You Forgive (1983)
  • My Beautiful Lady (1988)

Albums:

  • Earlybirds (1966)
  • Country & Western Songs (1968)
  • First Flight (1978)
  • Fly Away (1980)
  • The Sound Of Country Music (1983)
  • On The Wing (1987)
  • Country Cover Story (1997)
  • We’re Gonna Hold On (2004)
  • Up Trough The Years (2006)
  • Rocking Years (2009)
  • Adios Amigo (2013)
  • A Tribute To Jim Reeves (2023)
  • Good Old Country Songs (2025)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: