Earehôf Wytmarsum leit op it tsjerkhôf fan de Koepeltsjerke yn Wytmarsum. Dizze Mienebestgrêven oan de westkant fan it tsjerkhôf. Der lizze fiif grêven fan bemanningsleden, elk mei in eigen grêfstien, fan in Ingelske bommewerper. It giet om de folgjende persoanen:
Op 27 maaie 1943, jûns om healwei alven, sette in Lancaster MK III-bommesmiter, de ED 821 fan it 100e (RAF) Squadron, fan it fleanfjild Grimsby yn Lincolnshire ôf. It tastel fleach, mei in bemanning fan sân, in missy rjochting Dútslân. Noch foardat se it doel berikt hiene, waarden se oanfallen troch in Dútske nachtjager. It tastel stoarte op 28 maaie 1943 om 01.45 oere hinne del yn de buert fan Wytmarsum. Twa bemanningsleden seagen koene út it tastel springe. Fan harren wie de piloat Leonard Arthur Townrow út Nij-Seelân sa ferwûne dat er letter, yn in sikehûs yn Ljouwert, oan syn ferwûnings beswiek. Ien bemanningslid, J. Bolderson (radio operator), oerlibbe de crash, waard kriichfinzen makke, bedarre yn kriichsfinzenekamp Stalag Luft III en oerlibbe de oarloch. De omkommen fiif bemanningsleden waarden beïerdige op it tsjerkhôf fan de Koepeltsjerke yn Wytmarsum. De letter omkommen piloat Leonard Arthur Townrow waard te hôf brocht yn Ljouwert.