Springe nei ynhâld

Dwerslizzer (boek)

Ut Wikipedy

In dwerslizzer is in boekfoarm, wêrby’t de blêdspegel fan íén side út in konfinsjoneel boek dwers oer twa siden fan elts acht by tolve sintimeter ôfprinte wurdt. De dwerslizzer wurdt útjûn troch útjouwerij Dwarsligger, ûnderdiel fan útjouwersgroep VBK.

De dwerslizzer waard betocht troch Hugo van Woerden, destiids direkteur fan de Fryske printer Jongbloed BV, spesjalisearre yn it printsjen op tige tin papier, in spesjalisme dat ûnder oare ynset wurdt foar it printsjen fan bibels en kristlike lietebondels/sangbondels. De gedachte wie om in nij soarte boek te meitsjen dat net út himsels ticht foel, noflik lies en maklik mei te nimmen wie. [1]Jongbloed BV rjochtet him allinnich op it printsjen fan kristlike boeken, in te lytse merk foar it nije idee. Om it konsept goed fan de grûn te krijen, waard dêrom besletten om in lisinsje te jaan oan Ambo/Anthos uitgevers [1]

De dwerslizzer waard troch Jongbloed BV yn july 2006 registrearre as registrearre hannelsmerk.

Op 6 septimber 2009 waard it earste Nederlânske eksimplaar fan de dwerslizzer by it Manuscripta troch Herman Koch útrikt oan Ronald Plasterk, minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip.[2]

Troch de spesjale bynmetoade bliuwt de dwerslizzer sûnder problemen iepen lizzen, en kin er mei ién hân trochblêdere wurde en lêzen. De blêderfreonlikens wurdt oars net troch elk as posityf sjoen.[3]

De tinne siden nimme minder grûnstof as konfinsjonele boeken.

Utjouwerij dwarsligger jout sawol romans, skrillers as non-fiksje út yn dwerslizzerfoarm. It giet dêrby om likegoed oersette as oarspronklik Nederlânsk wurk. Yn de measte gefallen binne dy boeken ek yn gewoan formaat ferskynd. Sa wurde de útjeften fan ûnder oare Herman Koch, Saskia Noort, Paulien Cornelisse en Dan Brown troch útjouwerrij dwerslizzer útjûn. Yn guon gefallen ferskynt de dwerslizzer tagelyk mei de gewoane útjefte.

Bûten de Nederlânske en Flaamske merk besykje se ek om it boekformaat fierder de wrâld oer te lansearjen. Yn 2010 diene se dat op de Spaanske merk, [4] En in jier letter joech de Ingelske útjouwer Hodder & Stoughton in pear dwerslizzers út, ûnder de namme Flipback. Yn 2011 waard de Luterske bibel yn Dútslân op dwerslizzerformaat útjûn. [5]

Neffens it faktydskrift Boekblad lansearren de útjouwers ‘A.W. Bruna Uitgevers’, en ‘Nieuw Amsterdam’ op 15 septimber 2010 de dwerslêzer. Kwa formaat en uterlik like de dwerslêzer bot op de dwerslizzer. Allinnich it papier wie oars. De dwerslizzer wurdt op tindrukpapier printe, de dwerslêzer op pocketpapier.[6] De Belgyske krante De Morgen liet op 23 septimber 2010 witte dat de Fryske printer Jongbloed, dy’t it oktroai hat op de dwerslizzer, der oer tocht om juridyske stappen te nimmen.[7] It faktydskrift Boekblad hold op 22 oktober 2010 út dat juristen oan it ûndersykjen wiene oft de karakterkes (in inisjatyf fan útjouwerij Karakter) en de dwerslêzer it oktroai skeine.[8] Op 7 maart 2010 kundigen de útjouwers Dutch Media, A.W. Bruna en Nieuw Amsterdam oan dat se opholden mei de ferkeap fan dwerslêzers om’t dy’t net wie sa’t se ferwachte hiene. [9] Op 11 maart 2011 besleat útjouwerij Karakter om harren farian fan de dwerslizzer net yn de merk te setten. [10]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Jongbloeddirecteur Van Woerden: zaaien en dan rustig slapen, Reformatorysk Deiblêd, 28 septimber 2012
  2. Drukkerij Jongbloed lanceert Dwarsligger, Adformatie, 3 septimber 2009
  3. SWOT-analyse, Bart van Oosterhout, Intermediair 37, 10 septimber 2009
  4. Dwarsligger gaat internationaal, Reformatorisch Dagblad, 25 novimber 2010
  5. Lutherbijbel verschijnt in Duitsland als ‘dwarsligger’, Reformatoarysk Deiblêd, 16 novimber 2011
  6. Drie uitgeverijen introduceren ‘Dwarslezer’ , Boekblad, 14 septimber 2010 (rieplachte op 23/12/2014)
  7. Kapers op de kust voor de Dwarsligger De Morgen, 23 septimber 2010 (rieplachte op 23/12/2014)
  8. Dwarsligger versus dwarslezer, Boekblad, 22 oktober 2010 (rieplachte op 23/12/2014)
  9. Pilot stopt: verkoop Dwarslezers ‘beneden verwachting’ , Boekblad, 7 maart 2011 (rieplachte op 23/12/2014)
  10. Karakter schrapt Karaktertjes, Boekblad, 11 maart 2011 (rieplachte op 23/12/2014)