Durk Wiersma
Durk Wiersma (Reduzum, 21 septimber 1934 - Grou, 9 july 2023)[1] wie in ûnderwizer, Fryske puzelmakker en dammer.
As meiwurker fan it Mienskiplik Sintrum Underwiis wie er dwaande mei it Teleboerd- en TV-lessen foar basisskoallen dy’t troch Omrop Fryslân útstjoerd waarden. De lessen dêrfan waarden gearstald mei Sjoerd van der Schaaf en Roel Bergsma. Under lieding fan Durk Wiersma kaam oan de ein fan seis Teleboerdlessen in damdei. Dit groeide út ta in jierliks damtoernoai (12x) yn gearwurking mei it PFDB. Yn 1994 waard dit oerdroegen oan Jelle Bangma. Yn 1995 krige Durk Wiersma de Propagandapriis fan it Frysk Dambûn.
Puzelguod
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Puzelguod is in puzelboekje fan Durk Wiersma en gearstald út materiaal fan it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding yn Ljouwert. It is in samling puzels foar bern fan 10-90 jier dy't útkaam yn 1984. Der is in ferskaat oan krúswurdpuzels, rebussen en oare soarten. De antwurden fan de puzzels stean net efteryn it boekje, wol komme de oplossings faak binnen de puzels te stean.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|