Draakfisken

Ut Wikipedy
Draakfisken
In gewoane draakfisk (Chimaera monstrosa).
In gewoane draakfisk (Chimaera monstrosa).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: kreakbienfisken (Chondrichthyes)
ûnderklasse: seekateftigen (Holocephali)
boppeskift: seekatten (Holocephalimorpha)
skift: draakfisken (Chimaeriformes)
Obruchev, 1953

De draakfisken (Latynske namme: Chimaeriformes) foarmje in skift fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata), de klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e seekateftigen (Holocephali) en it boppeskift fan 'e seekatten (Holocephalimorpha). Dit is in taksonomyske groep fan fisken, dy't de iennichste libbene subgroep foarmet binnen de seekateftigen. De seekateftigen binne de sustergroep fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii).

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Draakfisken kinne oant 1.50 m lang wurde, al moat dêrby oantekene wurde dat dan de lange sturt meirekkene wurdt, en dat it eigentlike lichem dus folle koarter is. Se hawwe in skelet dat inkeld út kreakbien bestiet en fierders in frij pimitive fysiology, sûnder mage (de funksjes fan 'e mage wurde ferfolle troch de terms). It binne djipseefisken dy't oer it algemien op 'e seeboaiem fan oseänen mei in tuskenbeiden klimaat libje, op in djipte oant 2.600 m ûnder seenivo. In útsûndering wurdt datoangeande foarme troch guon soarten fan it skaai fan 'e ploechnoasdraakfisken (Callorhinchus), dy't pleatslik of periodyk yn ûndjip wetter foarkomme kinne. (Dêrom binne dat ek de soarten dêr't it measte oer bekend is en dy't men yn iepenbiere akwaria oantreft.)

Draakfisken wurde sa neamd om't se der bizar útsjogge, mei in frij smel lichem (fan boppen besjoen), oergrutte finnen, in lange sturt, en faak in útstykjende rjochtoppige stikel foar de rêchfin, dy't by guon soarten giftich is. By in protte soarten is de snút útgroeid ta in yngewikkeld sintúchlik orgaan. Draakfisken lykje har sa'n 420 miljoen jier lyn, yn it Siluer, ûntjûn te hawwen, en de ûnderskate famyljes fan it skift begûnen oan 'e ein fan it Sjuera, sa'n 170 miljoen jier lyn, oan in eigen ûntwikkeling.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.