De seekatten (wittenskiplike namme: Holocephalimorpha) foarmje in boppeskift fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata), de klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes) en de ûnderklasse fan 'e seekateftigen (Holocephali). Dit is in taksonomyske groep fan fisken, mei as iennichste libbene subgroep de draakfisken (Chimaeriformes). De seekatten moatte net te betize wurde mei de groep fan inketfisken mei deselde namme.
- boppeskift seekatten (Holocephalimorpha)
|