Springe nei ynhâld

Douwe van der Meer

Ut Wikipedy

Douwe J. van der Meer (Menaam, 1917 - Ljouwert, 2002) wie in genealooch en sûnt 1946 skoalhaad yn Ternaard en yn Reduzum fan 1949 oant syn pensjoen yn 1977.

Hy wie foarsitter fan it Genealogysk Wurkforbân sûnt 1959 en fan de Fryske Rie foar Heraldyk. Hy publisearre ûnder oare oer toponimen yn Fryske plaknammen diel 12 en 13, oer grêfskriften, states en testaminten yn ferskate Genealogyske Jierboekjes. Ek oer Fryske 16e iuwske skilders, Gysbert Japiks en it laach Uilenburch yn De Vrije Fries.

Om't er ek oargelist wie, hie er grutte niget oan 'e muzykskiednis en hat er ferskate artikels skreaun of meiwurke oan boeken oer oargelbouwers en houtsnijers. Om't syn belangstelling hiel breed wie, kaam er sels hast net ta it skriuwen fan boeken, mar waard er troch in protte oaren frege om gegevens en sadwaande komt er in protte foar yn noate-apparaten.

Hy krige foar syn krewearjen yn 1976 de Joast Halbertsmapriis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: