Genealogysk Wurkferbân
It Genealogysk Wurkferbân is in wurkferbân op it mêd fan genealogy dat yn 1946 oprjochte is troch de Fryske Akademy.
It ferbân wol de krêften op it mêd fan genealogy bondelje en telt yn 2010 mear as 500 leden. It graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.
Heraldyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de leden fan it Genealogysk Wurkferbân is yn 1956 in beheind tal leden ynstallearre as de Fryske Rie foar Heraldyk. Dy Rie hâldt him dwaande mei alle saken dy't wapens en flaggen oanbelangje. Fan de Fryske Rie foar Heraldyk is in aparte folder beskikber.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurkferbân riedt de útjefte ta fan:
- in Genealogysk Jierboek;
- in boekje 'Ferbân yn ús Wurk', mei ynformaasje dêr't de leden by harren ûndersyk perfyt fan hawwe kinne;
- de rige 'Grêfskriften yn Fryslân'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |