Douwe Elias

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jonge
Grutte gearkomst

Douwe Elias Kamstra (Ljouwert, 1952) is in Fryske romantysk-realistyske keunstskilder út Frjentsjer. Elias krige tusken 1974-1979 syn oplieding oan de Akademy Minerva yn de stêd Grins. Hy basearret him op de âlde ambachtlike skilderkeunst. Syn fassinaasje giet benammen út nei eigenskippen fan fervesoarten en fan kleuren. De minsken yn syn wurk binne dúdlike types mar sjogge dochs wat mysterieus om har hinne. Ljocht, skaad en komposysje drage deroan by. Syn eigen styl falt net ûnder moadieuze streaming.

Underwerpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alde swart-wyt foto's binne in oare ynspiraasjeboarne, mar ek:

  • Geastlik beheinde bern. Soks komt nei alle gedachten trochdat hy is de soan is fan âlden dy't yn it blû wurken.
  • Lân- en stêdsgesichten, faak driigjend
  • Kafee-ynterieurs mei romtlike wurking
  • Neakens
  • Utsjoch út syn atelier wei

Sûnt 1999 hat Douwe Elias ek de galery yn it pân fan de eardere Frjentsjerter Krante oan de Eise Eisingastrjitte yn Frjentsjer. Eksposysjes fan syn wurk wienen û.o. yn it Frysk Museum, 't Coopmanshûs en It Prinsessehof.
Wurken binne ek kocht troch grutte bedriuwen as bg. FBTO, Nuon en ING.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: