Douglas Aircraft Company
Douglas Aircraft Company | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Feriene Steaten | |
sektor | Loftfeart | |
haadkertier | Santa Monica, Long Beach, Feriene Steaten | |
oprjochte | 5 july 1921, Santa Monica | |
opdoekt | 28 april 1967 | |
oprjochter | Donald Wills Douglas | |
fuortk. út | n.f.t | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Douglas Aircraft Company wie in Amerikaanske fleanmasinefabryk festige yn Santa Monica, Kalifornje. Sûnt 1997 is it bedriuw part fan de eardere konkurrint Boeing.
De Douglas Corporation waard op 5 july 1921 oprjochte troch Donald Wills Douglas dy't earder foar Martin wurke hie. Nei in reörganisaasje waard de namme op 30 novimber 1928 wizige yn Douglas Aircraft Company. Op 28 april 1967 fusearre dat bedriuw mei fleantúchfabrikant McDonnell Aircraft ta McDonnell Douglas, dat yn 1997 oernaam waard troch Boeing.
Douglas hat in soad betsjut foar de boargerloftfeart mei syn DC (Douglas Commercial)-searje, dy't begûn mei de modellen DC-1, DC-2 en in skoftke letter de wrâldferneamde DC-3. Douglas makke ek doe al militêre tastellen, fral foar de Amerikaanske Marine (United States Navy).
Fleanmasines
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fleamasinemodel, in kar:
- DT torpedo bommesmiter
- DWC world cruiser
- M-1, M-2, M-3, M-4 mail plane (postfleanmasines)
- C-1
- T2D
- O-2
- Gamma
- Delta
- 8A/A-17
- Douglas TBD Devastator
- BT/SBD Dauntless - 5936
- DC-1
- DC-2 - 193
- DC-3 - 10.655
- DC-4 (C-54)
- DC-5
- DC-6
- DC-7
- DC-8
- DC-9
- DC-10 - 386
- DB-7 Boston/Havoc A-20 - 7385
- A-26/B-26 Invader - 1355
- AD (A-1) Skyraider - 3180
- F4D (F-6) Skyray
- A3D (A-3) Skywarrior
- A4D (A-4) Skyhawk - 2980
- Skyrocket
- C-74/124 Globemaster
- C-133 Cargomaster
- B-66 Destroyer
- KC-10 Extender - 62
- MD-80
- MD-90
- MD-90-30T Trunkliner
- MD-11 - 200
- C-17 Cargomaster
- MD-12
- MD-95
- T-45A Goshawk
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Skiednis fan Douglas
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Douglas Aircraft Company fan Wikimedia Commons. |