Springe nei ynhâld

Doughnut

Ut Wikipedy
In typyske doughnut.

In doughnut (Ingelsk foar "daainút", in 'nút' fan daai) of donut (in fonetyske stavering dy't men tsjintwurdich yn it Amerikaansk-Ingelsk in protte tsjinkomt) is in soarte fan swiet banket dat út 'e Feriene Steaten en Kanada komt. Hoewol't it him oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat hat, wurdt it noch gauris assosjearre mei Noard-Amearika, en yn 't bysûnder mei de Feriene Steaten. Doughnuts wurde ferkocht yn bakkerijen, supermerken, itenskreammen, de horeka en yn Noard-Amearika ek troch spesjalisearre doughnut shops. De doughnut giet eins werom op 'e oaljekoeken fan 'e santjinde-iuwske Nederlânske kolonisten yn Nij-Nederlân.

Doughnuts besteane ornaris út frituerde daai. It wichtichste yngrediïnt fan it daai is yn 'e regel wytmoal, mar it is ek mooglik om oare foarmen fan daai te brûken. Oare yngrediïnten kinne wêze: aaien, molke, sûker, oalje, wetter, soerdaai, bakfet en ferskate smaak- en kleurmiddels. Doughnuts wurde nei it fritueren foarsjoen fan in ferskaat oan tafoegings, lykas in glazuer fan sûker, sûkelarje of eskdoarnsjerp, of in laachje poeiersûker, kaniel of fruchtenhagelslach (sprinkles). By saneamde filled doughnuts wurdt it binnenste fan 'e doughnet nei it fritueren ynjektearre mei in folling, lykas slachrjemme, fanyljefla, in fruchtesaus of in oare swiete lekkernij.

Doughnuts hawwe tradisjoneel de foarm fan in rûntsje mei in gat yn 'e midden, mar men sjocht se ek wol yn oare foarmen, lykas skiiffoarmich, rjochthoekich of fjouwerkant sûnder gat. Dy lêste foarmen komme benammen foar by filled doughnuts, om't it mear romte jout foar de folling. Lytse, bolfoarmige doughnuts steane bekend as doughnut holes ("doughnutgatten"). Yn Noard-Amearika is it wenst om doughnuts by de kofje te iten, bgl. yn in kafetaria, restaurant, fastfoodrestaurant of benzinestasjon. Yn 'e Feriene Steaten wurde doughnuts yn 'e folkskultuer sterk assosjearre mei de plysje, mei't plysjeminsken altyd doughnuts sitte soene te fretten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.