Springe nei ynhâld

Domtsjerke fan Florâns

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Florâns

Duomo di Firenze

Lokaasje
lân Itaalje
regio Toskane
plak Florâns
adres Piazza del Duomo
koördinaten 43° 46' N 11° 15' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Florâns
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1296-1436
boustyl gotyk
Webside
duomofirenze
Kaart
Domtsjerke fan Florâns (Florâns)
Domtsjerke fan Florâns

De Katedraal fan Florâns (Italjaansk: Duomo di Firenze), formeel de Katedraal fan Santa Maria del Fiore (Cattedrale di Santa Maria del Fiore; "Hillige Marije fan de Blom"), is in tsjerkegebou yn Florâns, Itaalje. De bou fan 'e katedraal fûn sûnt 1296 yn goatyske styl plak neffens in ûntwerp fan Arnolfo di Cambio en waard mei de bou fan 'e koepel yn 1436 neffens in ûntwerp fan Filippo Brunelleschi foltôge. It eksterieur fan 'e basilyk is beklaaid mei ferskate soarten moarmer yn grien, rôze en wyt. De gevel is in 19e-iuwsk neogoatysk ûntwerp fan Emilio De Fabris. De tsjerke is de biskopstsjerke fan it aartsbisdom Florâns.

It katedrale kompleks op 'e Piazza del Duomo bestiet út de dom, it baptistearium en Giotto's toer. De trije gebouwen foarmje in part fan it UNESCO-wrâlderfgoed dat it histoaryske hert fan Florâns utmakket en de wichtichste toeristyske attraksje fan Toskane. De basilyk is ien fan 'e grutste tsjerken fan Itaalje en oant de moderne tiid wie de koepel fan 'e katedraal de grutste fan 'e wrâld. Tsjintwurdich is it noch jimmeroan de grutste bakstiennen koepel dy't ea boud is.

De Santa Maria del Fiore waard boud op it plak fan 'e twadde, oan Sint-Reparata wijde, katedraal fan Florâns. De earste katedraal wie de Basilica di San Lorenzo, dy't werom gyng op 393 en wijd wie troch Ambrosius fan Milaan. Yn in tiid dat de âlde tsjerke jimmeroan mear ûnderhâld nedich hie en de kapasiteit troch de groeiende befolking tekoart skeat, waard nijbou needsaaklik. Ek sil de konkurrinsje mei oare stêden in rol spile ha. Yn oare Toskaanske stêden waarden ambisjeuze rekonstruksjes fan de katedralen útfierd, lykas Pisa en benammen ek Siena, dêr't de ûnbidige útwreiding lykwols nea foltôge waard.

De domtsjerke op in fresko fan Andrea di Bonaiuto (1360), noch ear't de bou fan de koepel begjinne moast.
Rôze: it plak dêr't eartiids de Santa Reparata stie, donkergiel: it oarspronklike plan fan Arnolfo di Cambio, ljochtgiel: it útfierde plan fan Francesco Talenti.

It ûntwerp foar de nijbou kaam fan Arnolfo di Cambio en waard yn 1294 troch de ried goedkard. Di Cambio wie ek de arsjitekt fan 'e Santa Croce en it Palazzo Vecchio. Hy ûntwurp in trijeskippige tsjerke, dy't einige ûnder in achthoekige koepel. De earste stienlizzing fûn op 9 septimber 1296 plak troch kardinaal Valeriana en de útfiering fan it grutte projekt soe 140 jier duorje.

Nei't Arnolfo yn 1310 ferstoar fertrage it wurk foar tritich jier, mar de fynst fan 'e reliken fan Sint-Zenobius yn 1330 ûnder de Santa Reparata brocht de nijbou in nije ympuls. Yn 1331 waard it gild fan wolhandlers beskermhear fan 'e bou fan 'e katedraal. Dy wiisde yn 1334 Giotto oan om it wurk te lieden. Giotto gyng fierder mei it ûntwerp fan Cambio en waard dêrby holpen troch Andrea Pisano. Syn grutste bydrage wie de bou fan 'e campanile. Doe't Giotto op 8 jannewaris 1337 ferstoar sette Andrea Pisano it wurk troch, oant dy fanwegen de pest yn 1348 dellizze moast.

Yn 1349 waard troch in rige arsjitekten fierder wurke oan 'e katedraal. Francesco Talenti foltôge de campanile en bleau trou oan it ûntwerp fan Arnolfo di Cambio, mar fierde it grutskaliger út dan it oarspronklike plan. Hy waard yn 1359 opfolge troch Giovanni di Lapo Ghini (1360–1369), dy't it middenskip ferdielde yn fjouwer fjouwerkante traveeën. Oare arsjitekten wiene Alberto Arnoldi, Giovanni d'Ambrogio, Neri di Fioravante en Andrea Orcagna. Tsjin 1375 waard de âlde Santa Reparata-tsjerke ôfbrutsen. Yn 1380 waard it skip foltôge en tsjin 1418 wie allinne noch de koepel ûnder konstruksje.

Koepelfresko.
Roasfinster Kroaning fan Marije, 1405, Lorenzo Ghiberti.

Op 18 augustus 1418 skreau it gild fan wolhandlers in arsjitekturale wedstriid út foar de bou fan 'e koepel. Twa konkurrinten blonken út, Lorenzo Ghiberti en Filippo Brunelleschi. Fan dy twa hie de lêste de stipe fan Cosimo de Medici. Ghiberti hie yn 1401 de wedstriid wûn foar de brûnzen doarren foar it baptistearium en de konkurrinsje tusken Ghiberti en Brunelleschi bleau in libben lang tige skerp. Brunelleschi wûn en krige de opdracht. It wurk oan 'e koepel sette yn 1420 útein en waard yn 1436 foltôge. De katedraal waard troch paus Eugenius IV ynwijd op 25 maart 1436. De koepel wie de earste achthoekige koepel yn 'e skiednis, dy't boud wie sûnder in tydlik houten ramt om de konstruksje te dragen en ien fan 'e meast yndrukwekkende projekten fan 'e renêssânse.

De fersiering fan it eksterieur fan 'e katedraal begûn yn 'e 14e iuw en gyng troch oant 1887, doe't de polychrome moarmeren gevel neffens in ûntwerp fan Emilio De Fabris foltôge waard. De flier fan 'e tsjerke waard yn 'e 16e iuw mei moarmeren tegels belein.

De ôfmjittings fan it gebou binne ûnbidich. De katedraal beslacht 8.300 m², hat in lingte fan 153 meter, in breedte fan 38 meter, by it transept in breedte fan 90 meter. De koepel hat in trochsnit fan 90 meter en is 114,5 meter heech.

David op it plak fan 'e steunbear, dêr't it byld oarspronklik stean soe.

De opsichters fan 'e katedraal hiene it plan om in searje fan tolve grutte bylden fan persoanen út it Alde Testamint meitsje te litten foar de steunbearen fan de katedraal. Donatello wie doe noch begjin twintich en krige de opdracht om in byld fan kening David te meitsjen, hoewol't it nea op it ornearre plak set wurde soe. Ek Nanni di Banco mocht yn itselde jier in like grut byld fan Jesaja meitsje. Ien fan 'e bylden waard yn 1409 op it plak set, mar it byld waard wer delhelle om't it te lyts fûn waard. Beide bylden bleaune doe in tal jier op de bouwerf stean, sûnder dat der omtinken oan jûn waard. Yn 1410 makke Donatello in terrakottabyld fan Jozua en yn 'e selde snuorje ek in byld fan Jehannes de Evangelist, dat oant 1588 yn in nis fan de âlde gevel stie. It ferneamde byld fan Michelangelo's David út 1501-1503 wie ek ornearre om in steunbear te sieren, mar it seis ton wegende byld wie te swier foar dat plak. Yn 2010 waard tydlik in replika fan glêsvezelkeunststof op it plak set, dêr't David oarspronklik stean soe.

Twintich jier nei de dea fan Arnolfo di Cambio waard útein set mei it beklaaien fan 'e oarspronklike gevel, mar allinne it ûnderste diel waard foltôge. Yn 'e tiid fan 'e renêssânse fûnen se de gevel ferâldere en yn 'e jierren 1587-1588 waard de beklaaiing fan 'e âlde gevel wer ferwidere. Guon fan 'e orizjinele bylden binne yn it Museum Opera del Duomo efter de katedraal te sjen, oaren steane tsjinwurdich yn it Louvre of yn it museum yn Berlyn. Yn dy tiid binne der noch ferskate modellen makke foar in nije beklaaing fan 'e gevel, mar it duorre oant de 19e iuw ear't de hjoeddeiske gevel fan wyt, grien en read moarmer ûntstie, dy't harmonieus past by de rest fan 'e katedraal.

De trije brûnzen doarren datearje út 1899-1903 en binne fersierd mei reliëfs oer it libben fan Marije. De mozaïken yn 'e lunettes boppe de doarren binne it ûntwerp fan Niccolò Barabino. Boppe de portalen ûnder it roasfinster is in searje nissen mei de tolve apostels en yn 'e midden in Madonna mei Bern. Boppe it roasfinster is in galerij mei boarstbylden fan Florentynske keunstners.

Giotto di Bondone ûntwurp in toer mei in likernôch 30 meter hege spits en de toer soe oarspronklik 110 oant 115 meter wurde. Doe't Giotto ferstoar wie allinne de earste ferdjipping ôf. Andrea Pisano en Francesco Talenti foltôgen de bou yn 1359 mei in pear feroarings. De toer krige yn stee fan 'e spits in piramidefoarmige ôfsluting en waard 'mar' 85 meter heech.

De toer hat 12 klokken, mar fiif dêrfan wurde net brûkt.

Yn 'e rin fan 'e tiid gyngen in soad dekoraasjes yn 'e tsjerke ferlern. Oare keunstwurke ferhûzen nei it Museum Opera del Duomo, lykas de sangtribunes fan Luca della Robbia en Donatello (oarspronklik yn 'e krusing boppe de sakristy's). Dêrtroch makket de dom hjoeddedei in wat keale yndruk op 'e besiker.

Oerwurk.

Boppe it haadportaal is in kolossaal, noch altiten wurkjend oerwurk mei fresko's fan fjouwer profeten of evangelisten fan Paolo Uccello (1443). De klok jout de 24 oeren oan neffens de hora italica (Italjaanske tiid), in tiidsberekkening dy't op 24 oere einiget mei de moarnsdage. Oant de 18e iuw waard dy tiidsberekkening brûkt.

Yn it rjochter sydskip binne de bylden fan Daniel (± 1408) en de profeet Jesaja (1427) te sjen. It byld fan Daniel wie nei alle gedachten oarspronklik ornearre foar ien fan 'e steunbearen en wurdt tsjintwurdich taskreaun oan Donatello. It byld fan Jesaja is it wurk fan Bernardo Ciuffagni.

La Divina Commedia di Dante, (Domenico di Francesco).

De tsjerke hat 44 brânskildere ramen út de 14e en 15e iuw. Yn 'e skippen en it dwersskip stelle se persoanen út it Alde- en Nije Testamint foar, wylst de rûne ramen yn koepeltrommel en boppe de tagong Kristus en Marije ôfbyldzje. Oan 'e ramen wurken û.o. Donatello, Lorenzo Ghiberti, Paolo Uccello en Andrea del Castagno mei. It raam fan De Kroaning fan Marije as Keninginne yn it rûne finster boppe de klok is in ier 14e-iuwsk ûntwerp fan Gaddo Gaddi. Donatello ûntwurp it rûne raam Kroaning fan de Jongfaam oan 'e eastlike kant yn 'e trommel fan 'e koepel (it iennige raam dat fanút it skip te sjen is).

It yndrukwekkende grêfmonumint fan Antonio d'Orso (1323), biskop fab Florâns, waard makke troch Tino da Camaino.

Benedetto da Maiano (1495–1497) makke it monumintale houten krúsbyld fan it heechalter.

Yn 'e sintrale apsis is it alter fan Sint-Zanobius, de earste biskop fan Florâns. Yn in weardefolle skryn wurde dêr de reliken fan 'e hillige bewarre. Boppe de skryn hinget in skilderij fan it Lêste Nachtmiel fan Giovanni Balducci. De twa ingels (Luca della Robbia) datearje út ± 1450.

Oarspronklik waard útsteld om de koepel fan binnen mei mozaïken te beklaaien, mar de dea fan Brunelleschi yn 1466 soarge der foar dat it plan net útfierd waard. Yn stee dêrfan waard der yn 'e jierren 1568-1579 troch Giorgio Vasari en Federico Zuccari in fresko oanbrocht fan it Lêste Oardiel. It ûnbidich grutte fresko is sa heech, dat de details fanôf de flier hast net te sjen binne. Boppedat soarget it fresko der foar dat de koepel earder leger as heger liket.

Ien fan 'e meast ferneamde skilderijen hinget yn it lofter sydskip en is fan Domenico di Michelino (1465). Te sjen is de dichter Dante mei it iepene boek Divina Commedia mei op de eftergrûn Florâns en it Jongste Gerjocht. Ek yn it lofter sydskip binne twa grutte fresko's fan ruters. It iene (yn 'e 19e iuw op linnen oerbrocht) waard yn 1436 oanbrocht troch Paolo Uccello en stelt de legerlieder John Hawkwood foar. Andrea del Castagno skildere yn 1456 de condottiere Niccolò da Tolentino op it hynder.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Florence Cathedral