Dom fan Regensburg
Sint-Stefanusdom | ||
bouwurk | ||
Westlik front | ||
lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Beieren | |
plak | Regensburg | |
adres | Domplatz | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1275–1871 | |
boustyl | Gotyk | |
offisjele webside | ||
Side fan it bisdom |
De Domtsjerke fan Regensburg is de nei de apostel Petrus ferneamde katedraal fan it Dútske bisdom Regensburg. Njonken de dom fan Keulen heart de Regensburger domtsjerke ta de wichtichste goatyske katedralen fan Dútslân.
De bou fan de hjoeddeiske domtsjerke folge sûnt 1275 op it plak fan in romaanske dom, dêr't de Ezelstoer oan de noardlike kant fan it transept noch fan bewarre bleaun is. Sûnt 1450 wie de dom safier foltôge, dat de tsjerke yn gebrûk nommen wurde koe. De foltôging fan de twa westlike tuorren fûn pas plak tusken 1859 en 1869.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste fermelding fan de oan Petrus wijde domstjerke yn Regensburg stamt út 792, fyftich jier nei't Bonifatius it bisdom stifte hie. De romaanske dom baarnde yn 1273 ôf en wat westliker dêrfan waard yn it twadde diel fan de 13e iuw útein set mei de bou fan in nije katedraal, dy't iuwen duorje soe. Fan de romaanske tsjerke bleau de Ezelstoer stean. De namme ferwiisd nei de funksje fan de toer by de bou fan de goatyske katedraal: de toer waard (en wurdt) brûkt foar it transport fan it boumateriaal nei de hegere dielen fan de dom. Yn 1525 wiene de wichtichste dielen fan de domtsjerke foltôge, mar fanwegen ekonomyske swierrichheden stûke de foltôging.
Barok
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de earste helte fan de 17e iuw fûn der noch wat bouaktiviteit plak yn de tsjerke. Noch trije traveeën moasten gewelven ha, dy't oanbrocht waarden yn hast deselde styl as de oare gewelven. It goatyske doksaal fan de tsjerke waard ferwidere en ferfongen troch in koerhek fan smei-izer. Fierder waard it wite ynterieur okerkleurich farve en de kapitelen waarden fergulde. Tagelyk waarden de bylden en alters fernijd. Om 1700 hinne liet it domkapittel it ynterieur fan de tsjerke yn oliif-grize kleuren farvje. Om mear ljocht yn de tjerke te krijen waarden de midsiuwske glês-yn-leadramen fan de ljochtbeuk ferwidere en ferfongen troch kleurleas glês, wylst yn de krusing in koepel oanbrocht waard.
19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ûnderwurdearring fan de barok en de romantyske ideeën oer in suvere arsjitektuer lieden yn de 19e iuw ta grutte feroarings fan de domtsjerke. Yn oanfolling op it noch besteande midsiuwske glêswurk skonk de Beierske kening Loadewyk I sûnt 1827 nije glês-yn-lead-ramen. Dêrnei joech er yn 1834 opdracht om it hiele ynterieur te suverjen fan goatysk-frjemde eleminten, dat oant 1839 útfierd waard. Op it heechalter nei waarden alle barokke alters ôfbrutsen. Ek de barokke kapellen en galerijen ferdwûnen en de barokke koepel op de krusing waard ferfongen troch in goatysk ribferwulft. Ek ferwidere waarden de barokke grêfmonuminten en de oan de muorren hingjende grutte skilderijen. Om't tocht waard dat de oliifgrize kleuren fan de domtsjerke de kleur fan de stien wie, waard dat mei rêst litten.
Yn 1859 waard útein set mei de foltôging fan de twa westlike tuorren mei de spitsen. Mei de bou fan de gevels fan it dwersskip en de krusingstoer yn 1870 en 1871 kaam nei 600 jier lang om let in ein oan de bou fan de goatyske katedraal.
20 iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan it oanlizzen fan in ûndergrûnske krypte ûnder it middenskip om dêr de biskoppen te begraven, waard yn de earste helte fan de jierren 1980 argeologysk- en bou-ûndersyk yn de tsjerke útfierd. Dielen fan de eardere romaanske atriumbôgen binne dêr fûn en yn de krypte yntegrearre. Fan 1985 oant 1988 waard in grutte restauraasje fan it ynterieur útfierd, de histoaryske ûnstiene kleuren bleaune ûnferoare. Fierder waarden alle bûtengevels befrijd fan in skealike gipskoarste. De restauraasje fan it haadportaal mei sa'n 170 gruttere en lytsere bylden gyng noch oant 2010 troch. De domtsjerke, dy't jierrenlang fan bûten swart wie, krige de oarspronklike wite kleur fan de kalkstien werom.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de barokke tiid datearret it kostbere sulveren heechalter. Alhoewol't it alter in ienheid liket, ûnstie it oer in tiidrek fan hast in iuw. De âldste dielen binne de sulveren bustes fan Marije en Joazef (1695-1696). It antependium mei in reliëf fan in foarstelling fan Jehannes fan Nepomuk datearret fan 1731. De bustes fan Petrus en Paulus waarden yn 1764 tafoege, wyst de sulveren kandlers en it alterkrús yn 1777 makke waarden. De alteropbou mei it tabernakel en de fazen folgen lang om let yn 1784-1785. Om it heechalter te meitsjen skonk biskop Anton Ignaz 5.000 gûne, de rest (10.000 gûne) waard finansierd troch it omranen fan grutte dielen fan de tsjerkeskat.
Yn de domtsjerke steane noch fiif goatyske baldekynalters. It âldste alter is it Hindrik en Kunigonde-alter yn it tredde travee fan it noardlike sydskip (1320, mei âlde fresko's). It Ferkundigingsalter yn it twadde travee fan it súdlike sydskip ûnstie om 1330 hinne. De stralenkrâns is modern, mar de Madonna yn de krâns stamt út 1420. It Kristus-Berte-alter yn it súdlike sydkoer datearret út 1410-1420; it alterskilderij is fan 1838. Krekt wat letter (1420-1430) waard yn it noardlike sydkoer it tige ryk fersierde Ursula-alter boud, mei reliëfs fan de ferkundiging oan Marije en it martlerskip fan de hillige Ursula. Under it nije oargel fan 2009 stiet foar de muorre fan de noardlike transeptearm it Albertus Magnus-alter. It stamt út 1473 en wie oarspronklik oan de hillige Wolfgang wijd. It alterskilderij toant de hillige Albertus Magnus (fan 1260-1262 biskop fan Regensburg), dat yn 1932 makke is.
De letgoatyske preekstoel foar de earste súdlike pylder fan it skip datearret fan 1482; de trep is 17e-iuwsk. Yn de jierren 1556-1557 preke de bekende Nederlânske jezuïet Petrus Canisius op de preekstoel.
Noardlik fan it heechalter stiet oan de muorre it sakramintstoer mei in tige hege slanke opbou. It is fersierd mei bylden, it wapen fan de stifter en it jiertal 1493.
Yn de katedraal stiet njonken it súdlike transeptportaal in 12 meter djippe put út 1470. Yn 1500 waard oer de boarne in troch twa profilearre pylders droegen letgoatysk baldakyn set mei de stiennen bylden fan Kristus en de Samaritaanske frou.
In tige grut diel fan de ramen yn de domtsjerke binne noch midsiuwsk. Alle finsters fan it haadkoer hawwe de oarspronklike ramen út 1300-1370. Yn it dwersskip ûntstie it ûnbidich grutte njoggendielige finster om 1330 hinne. Yn de finsterrige fan it trifoarium dêrûnder is kostber letromaansk glês út 1230 fan de âlde domtsjerke ferwurke. Ek yn it noardlik sydskip is noch in soad 14e- en 15e-iuwsk glês bewarre bleaun. De finsters fan de westlike gevel en de ljochtbeuk hawwe 19e-iuwske ramen en yn 1967-1968 waarden de finsters yn it linkerkoer tafoege.
It grêfmonumint yn it middenskip is makke foar kardinaal Filip Willem fan Beieren.
Oan de westlike krusingspylders steane bylden fan Marije en de ingel Gabriel. De bylden stamme út 1280. Oan de eastlike krusingspylders binne de bylden fan Petrus (1320) en Paulus (1360-1370) oanbrocht. Oan de westlike kant binne oan wjerskanten fan de tagong fan de tsjerke de bylden fan Sint-Joaris en fan Sint-Martinus út 1325 te sjen.
-
Sint-Joaris (1325) -
Sint-Martinus (1325) -
Apostel Petrus (1320) -
Apostel Paulus (1370-1375) -
Laitsjende ingel Gabriel (1280) -
Marije fan de Ferkundiging (1280) -
Madonna mei Bern ((1325)
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De domtsjerke hat twa oargels: in koeroargel efter it haadalter en in nij haadoargel út 2009 yn it noardlike transept. Oant de bou fan it nije haadoargel waard it koeroargel as haadoargel brûkt. Op dat plak boude de firma Binder & Siemann yn 1905 in twamanualich oargel mei 25 registers. It ynstrumint waard yn 1947 troch de firma Steinmeyer útwreide mei ien manuaal en yn 1950 folge noch in ferbouwing troch Eduard Hirnschrodt, sadat it ynstrumint 39 registers op trije manualen krige. De pipen fan it âlde haadoargel waarden opslein en yn 2018 troch it kapittel yn 'e ferkeap dien.
It koeroargel stamt út 1989 en waard troch de Switserske oargelfirma Mathis boud as in trijemanualich ynstrumint mei 43 registers. Om't it koeroargel nei de foltôging fan it nije oargel út 2009 de funksje fan haadoargel ferlear, waard it posityf fan it oargel ferwidere, sadat it oargel tsjintwurdich noch 33 registers besit.
De oargelboufirma Rieger boude yn 2009 foar € 1,7 miljoen in nij oargel yn it noardlike transept. Dat wie needsaaklik om't it koeroargel benammen by in folle tsjerke te min folume produsearre. It ynstrumint hat 80 registers op fjouwer manualen en pedaal en is it grutste swellenêstoargel fan 'e wrâld. It front fan it mear as 18 meter hege oargel bestiet allinne út pipen.[1]
Eksterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bylden fan it tige ryk dekorearre haadportaal datearje út de perioade 1380-1420.
Bûten is oan in pylder by de súdlike tagong fan de dom in saneamde joadesûch te sjen. Oan de baarch op it 14e-iuwske reliëf hingje trije joaden yn harren doedestiidske klean te drinken. It doel fan de sûch wie om de joaden mei opsetsin te misledigjen.
Oan de noardlike kant fan de tsjerke is in kleastergong út de 11e oant 12e iuw. Eastlik dêroan grinzget de achthoekige, as rêstplak foar biskop Hartwich II, boude Alderheljenkapel mei romaanske fresko's. De kapel moat yn de 12e iuw boud wêze, om't de biskop yn 1164 ferstoar.
Njonken de domtsjerke stiet de Sint-Stefanustsjerke út de 11e iuw, ek wol Alter Dom neamd. Eastlik fan de dom stiet de 13e-iuwske Ulrichtsjerke, de parochytsjerke.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|