Doeke Hellema
Appearance
Doeke Wigers Hellema (Wânswert, 3 april 1766 - Wurdum, 17 desimber 1856) wie skoalmaster, boer, ûntfanger fan belêstingen en histoarjeskriuwer[1]. Yn Wurdum is in strjitte nei him neamd.
Hellema hie in soad niget oan Fryske- en lokale skiednis. Hy wie meidogger yn it Frysk Genoatskip en wie sterk foar de útjefte fan "De Vrije Fries". Der binne deiboeken fan him bewarre bleaun en publisearre yn H. Algra syn Kroniek van een Friese boer.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|