Doarpstsjerke (Easterwâlde)
Doarpstsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Eaststellingwerf | |
plak | Easterwâlde | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1735 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31738 | |
offisjele webside | ||
Protestanske gemeente Easterwâlde |
De Doarpstsjerke is ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente fan Easterwâlde.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De PKN-gemeente ûntstie mei de fúzje op 11 april 2010 fan de herfoarme gemeente Easterwâlde-De Fochtel en de grifformearde gemeente fan Easterwâlde. De tsjerketsjinsten wurde ornaris holden yn de gruttere, eardere grifformearde, tsjerke It Anker, wylst de foarhinne herfoarme Doarpstsjerke brûkt wurdt foar bysûndere fierings en rou- en troutsjinsten. Besletten waard om de herfoarme kapel fan De Fochtel net mear te brûken. It ryksmonumint út 1928 wurdt sûnt ferhierd as meditatyf sintrum en Bed & Breakfast. [1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Doarpstsjerke waard yn 1735 boud yn opdracht fan Daniël de Blocq-Lycklama à Nijeholt en ferfong in gotysk tsjerkje út de 14e iuw. It ryksmonumint is in trijesidich sletten sealtsjerke mei in houten tuorke boppe de gevel. Boppe de yngong binne gevelstiennen oanbrocht, wêrfan't de wapens yn de Frânske tiid fuorthakt binne. Njonken de tagong is in sinnewizer oanbrocht.
Opmerklik is it ûntbrekken fan in hoanne op de toer. Ynstee dêrfan foarmet in hazzewynhûn de wynwizer op de toer, wylst de wynwizer boppe it koer de foarm fan in hazze hat.
By de tsjerke stiet in klokkestoel, dy't der al wie doe't Jacobus Stellingwerf de âlde tsjerke yn 1724 tekene. De klokkestoel is fernijd yn 1967. Under it wulfdak hingje twa klokken: ien klok út 1492 dy't letter mei behâld fan de dekoraasje en it opskrift op 'e nij getten waard en noch in moderne klok út 1936.[2][3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It 24 registers tellende oargel datearret út 1866. It is boud troch timmerman Hendrik Jannes Noorman út Easterwâlde en waard yn de jierren 1998-1999 restaurearre troch Bakker & Timmenga.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|