Dirk Torensma

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Dirk Torensma (Easternijtsjerk, 23 april 189923 oktober 1992) wie in Nederlânsk boargemaster.

Hy waard berne yn de gemeente East-Dongeradiel as soan fan Geertje Torensma (1873-1964) dy't yn 1903 troude mei Johannes Nobbenhuis (1868-1945). Dirk Torensma sels troude yn 1924 mei Lolkje Sevenster fan Easternijtsjerk. [1]

Torensma syn amtlike karriêre begûn by de gemeentesekretary fan East-Dongeradiel. Yn 1921 gie er oan't wurk by de gemeente Gruttegast. Hy brocht it dêr ta earste amtner op de sekretary ear't er yn 1935 beneamd waard ta boargemaster fan de gemeente Ezinge. Seis jier letter folge syn beneaming ta boargemaster fan Menameradiel. Hy bleau oant oktober 1944 yn funksje en yn febrewaris 1945 krige Menameradiel in NSB'er as boargemaster. Nei de befrijing kaam Torensma werom as boargemaster fan Menameradiel wat er oant syn pinsjoen yn 1964 bliuwe soe. Hy waard opfolge troch Hartman Hoekstra.
Hy stoar yn 1992 yn de âldens fan 93 jier.

Yn Feerwerd (oant 1990 gemeente Ezinge) is de 'Torensmaweg' nei him ferneamd. Syn soan Siebe Torensma hat ek boargemaster west.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: