Siebe Torensma

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Wethâlder S. Torensma (1975)

Siebe/Sybe Torensma (Gruttegast, 10 septimber 1926Dronten, 28 oktober 2016) wie in Nederlânske politikus út namme fan de VVD.

Hy wie in soan fan Dirk Torensma, amtner by de gemeentesekretary fan Gruttegast ear't er yn 1935 boargemaster fan Ezinge waard en letter ek boargemaster fan Menameradiel.
Siebe Torensma studearre rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. By de Jierbeurs yn Utert wie er direksjesiktaris en fan mids 1969 ôf oan hast fiif jier direkteur algemiene organisaasje. Dêrneist wie er aktyf yn de lokale polityk. Sa wie er fan 1970 oant 1982 lid fan de gemeenteried fan Utert en fan 1974 oant 1978 hat er dêr wethâlder west. Yn maaie 1982 waard Torensma de boargemaster fan de gemeente Mearum wat er oant syn pinsjoenearring yn 1991 bliuwe soe.

Torensma stoar ein 2016 yn de âldens fan 90 jier.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: