Dirk Postma
Dirk Postma (Dokkum, 10 jannewaris 1818 - Burgersdorp (Súd-Afrika), 28 desimber 1890) wie de earste predikant yn de Grifformearde Tsjerken yn Súd-Afrika en stifter en earste heechlear fan de teologyske skoalle yn Burgersdorp yn de Noordoos-Kaap, de foarrinner fan de Teologyske Skoalle en universiteit yn Potchefstroom.[1]
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Postma wie de jongste fan Pyter Pyters Postma en Lolkje Arjens Boekhout. Hoewol't er as "Durk" doopt waard, skreau er him letter as "Dirk". Syn âlden wiene earme arbeiders. Hy ferlear syn heit doe't er fiif wie en mem bleau efter mei fiif bern. Om de húshâlding troch de tiid te krijen gie Postma mei fyftjin jier fan skoalle ôf en waard blikslaggersfeint.[2]
Tegearre mei syn mem ferliet er de Herfoarmde Tsjerke by de Ofskieding fan 1834. Op 12 maaie 1838 die Postma belidenis yn de Ofskieden Grifformearde gemeente Wânswert. Postma waard 5 july 1840, sûnder formele teologyske oplieding (dy wie der doe noch net foar ôfskiedenen), dûmny yn Minnertsgea. Dêrnei stie er yn Middelstum-Bedum (1842–1844), Wildervank (1844–1849) en Swol (1849–1858). Hy krewearre foar kristlik ûnderwiis, wie fermoedsoenjend tusken botsende partijen yn de ôfskieden tsjerke, en die sines ta de oprjochting fan in eigen teologyske skoalle yn Kampen, dy't der kaam yn 1854.
Postma ferfear op 22 maaie 1858 nei Súd-Afrika, dêr't de Transvaalske steatstsjerke grut felet fan predikanten hie.
Ds. Postma is de Súd-Afrikaanske stamfaar fan de famylje Postma dy't op in protte maatskiplike terreinen bydroegen hat en dat hjoed de dei noch docht. Hy troude fiif kear, twa kear yn Nederlân en twaris yn Súd-Afrika, en oerlibbe al dy froulju útsein de lêste. Ut dy houliken waarden tweintich bern berne, wêr't fiif fan net folwoeksen waarden. Fan dy bern waarden fiif bekend: Petrus, bekend Grifformeard learaar yn Pretoria en presidint Paul Kruger syn kapelaan en riedjouwer, Marthinus, earste Grifformearde predikant yn Witwatersrand, Dirk jr., Grifformeard predikant, skriuwer en tsjerkehistoarikus, Stephanus, Grifformeard predikant en teolooch, en Willem, Grifformeard predikant en ek bekend ûnder syn skûlnamme dr. O'kulis. Dirk Postma sr. is ien fan de trije predikanten fan de Afrikaanske tsjerke fan wa't fiif soannen ek predikant waarden.
Dr. G.C.P. Van der Vyver skreau yn 1958 de iennichste grutte biografy oant no ta oer prof. Postma.[3]
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Mijne handleiding voor de godgeleerdheid, volgens de kern van Aegidius Francken (1875).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|