Aegidius Francken
Aegidius (Gillis) Francken (Doardt, 1 maart 1676 - Maasslûs, 16 april 1743) wie in Nederlânsk grifformeard predikant en skriuwer fan stichtlike teologysk wurk. Francken behearde ta de streaming fan de Fierdere Reformaasje.
Aegidius Francken syn heit Hendrik was dûmny en mem Catharina van Esch kaam út in âlde aadlike famylje. Fan 1694 ôf studearre er teology oan de Leienske Universiteit. Francken waard 1705 predikant yn Rijsoord en yn 1713 yn Maasslûs. Dêr stie er oant syn dea yn 1743.
Francken is fral ferneamd wurden as skriuwer fan in dogmatysk hânboek foar gemeenteleden, Stellige God-geleertheyd. Dat boek waard yn de 19e iuw brûkt foar it teologysk ûnderrjocht by de Kristlik Ofskieden Tsjerke. Ek yn Súd-Afrika waard it brûkt; dêr makke Dirk Postma (Dokkum, 1818- Burgersdorp, 1890), de stichter fan de saneamde "Dopperkerk", der in geatfetting fan, Mijne handleiding voor de godgeleerdheid, volgens de kern van Aegidius Francken (1875). Fierders skreau Francken twa helpmiddelen foar de kategese Kern der christelyke leere en Voorbeeld der christelyke leere.
Wichtichste publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stellige God-geleertheyd, dat is de Waarheden van de Hervormde Leer, eenvoudig ter nedergestelt, en met Oeffening der waare Godsaligheyd aangedrongen (Doardt, 1710-1712; 3 dln. in 2 bnn.; 8e druk: Rotterdam, 1769)
- Kern der christelyke leere, dat is de waerheden van den hervormden godsdienst eenvoudig ter nedergestelt, en met de oefening der waere godsaligheyd aangedrongen (Doardt, 1713; 22e druk: Grins, 1894)
- Huwelijks-vereeniging van de Kerk-bruyd met den grooten Immanuel Christus (Dordrecht, 1725; 4e druk: 1757)
- Het Heylig Offerlam geslacht voor de Uitverkoorenen (Doardt, 1732; 2 dln.; 3e druk: 1762)
- Heilige Feeststoffen ofte verhandeling van 's waerelds Heilands Geboorte, Besnydenis, Opstanding en Hemelvaerd, beneffens de Uitstorting des H. Geestes volgens het verhael der Euangelisten, met eenige der toe voorbereidende Stukken, in verscheide Leerredenen vervat, en tot betragting van waere Godsaligheid aengedrongen (Doardt, Frederik Outman, 1742)
- Voorbeeld der christelyke leere (1e druk: ?; 6e druk: Rotterdam, 1755)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- G.H. Leurdijk, Geestelijk leven in Maassluis. Pastoraal portret van Aegidius Francken (1676-1743), yn: Documentatieblad Nadere Reformatie 27 (2003), 117-141.