Springe nei ynhâld

Dionysia

Ut Wikipedy

De Dionysia of it Feest fan Dionysus wie in grutskalich feest yn it Atene fan 'e Grykske Aldheid, ta eare fan 'e god Dionysus. It sintrale barren fan dit festival waard foarme troch de opfierings fan trageedzjes en, fan 487 f.Kr. ôf, ek komeedzjes yn it ramt fan in toanielwedstryd. De Dionysia foarmen it op ien nei wichtichste feest yn it âlde Atene, nei de Panathenaia. Se bestiene eins út twa besibbe festivals: de Plattelânsdionysia en de Stedsdionysia, dy't plakfûnen op ferskillende tiden fan it jier. Dêropta foarmen se ek in essinsjeel ûnderdiel fan 'e Dionysyske Mystearjes.

Plattelânsdionysia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Plattelânsdionysia waarden oarspronklik holden yn Eleuterai, in doarp yn Attika, de krite om Atene hinne, en wiene wierskynlik bedoeld ta fiering fan 'e wynbou. Dat wie nei alle gedachten in tige âld feest, en mooglik fan oarsprong hielendal net ferbûn mei Dionysus. De Plattelânsdionysia ferspraten har meitiid út Eleuterai oer hiel Attika. Se waarden holden yn 'e winter, yn 'e moanne fan Poseidon, dy't om midwinter hinne foel (d.w.s fan heal desimber oant begjin jannewaris). It wichtichste evenemint fan it feest wie in optocht wêrby't fallussymboalen en itenswaren meidroegen waarden. Ek waarden der wedstriden holden op it mêd fan sang en dûns.

De Stedsdionysia of Grutte Dionysia wiene de stedske tsjinfuotter fan it plattelânsfeest, dy't yn 'e stêd Atene sels holden waarden. Dêr waard mooglik mei úteinset ûnder de tiranny fan Pisistratus yn 'e sechsde iuw f.Kr. De Stedsdionysia waarden holden fan 'e 9e oant de 13e dei fan 'e moanne Elafebolion, dy't omtrint de maitydsevening foel (yn maart en april). Dêrút meitsje guon saakkundigen op dat dit festival oarspronklik bedoeld wie om 'e ein fan 'e winter en de rispinge te fieren. Neffens it ferhaal soe men yn Atene úteinset wêze mei it fieren fan 'e Stedsdionysia nei't it grinsdoarp Eleuterai, dat earder by Boeoasje heard hie, derfoar keas om diel te wurden fan Attika.

Hoewol't ek de Stedsdionysia in optocht omfiemen, wie it wichtichste ûnderdiel lykwols de toanielwedstryd dy't holden waard yn it Teäter fan Dionysus, op 'e súdlike heuvelskeante ûnder de Akropolis. Dêrby liet elts fan 'e dielnimmende toanielskriuwere in set fan trije trageedzjes en ien saterspul opfiere. Neffens de tradysje soe dat foar it earst dien wêze yn 534 f.Kr. De sjueryleden, dy't it spul beoardielje moasten, sieten op 'e earste rige en rikten neitiid in priis foar it bêste toanielkwartet út, besteande út in frissele kroan fan klimmerblêd. Fan 487 f.Kr. ôf waarden der ek komeedzjes opfierd, hoewol't it noch oant 442 f.Kr. duorre ear't dêrfoar ek in offisjeel erkende priis ynsteld waard. De measte bewarre bleaune toanielstikken út 'e Grykske Aldheid, ynklusyf dy fan Aiskylos, Euripides, Sofokles en Aristofanes, wiene ynstjoerings foar de toanielwedstryd fan 'e Dionysia.

Bekende winners fan 'e toanielwedstryd fan 'e Stedsdionysia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
trageedzjes
komeedzjes

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Sources en Further reading, op dizze side.