Springe nei ynhâld

Dijkstra (Wynskoat)

Ut Wikipedy
Mûne Dijkstra
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
plak Wynskoat
adres Nassaustrjitte 63
koördinaten 53°08'N, 7°01'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôt- en pelmûne
flecht 22,85 m
boujier 1862
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39015 [1]
Kaart
Dijkstra (Grinslân)
Dijkstra

De nôt- en pelmûne Dijkstra is ien fan 'e trije mûnen yn 'e Grinslânske stêd Wynskoat.

De mûne waard yn 1862 foar de famylje Dykstra boud. Yn dy tiid wie it de grutste en heechste mûne fan 'e stêd, mar in eintsje fierderop waard de nôtmûne Edens twaris ferhege en no is dy de heechste mûne fan hiel Grinslân.

Oant 1953 bleaune de Dykstra's eigner fan 'e mûne. De doetiidske gemeente Wynskoat kocht de mûne fan 'e famylje oan en tsjintwurdich is de gemeente Aldamt eigner fan de mûne, dêr't Wynskoat yn 2010 yn opgyng.

De mûne is mei fjouwer koppels mealstiennen en twa pelstiennen ynrjochte. Dêrnjonken is de rest fan 'e pellerij hielendal bewarre bleaun. De flecht fan 'e mûne is 22,85 meter en de beide roeden hawwe it systeem Fauël mei remkleppen.

De Dijkstra is ferskate kearen restaurearre en wurdt regelmjittich troch frijwilligers oan it wurk set. Njonken de mûne is ek it mûndershûs in ryksmonumint.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: