Springe nei ynhâld

Berg (Wynskoat)

Ut Wikipedy
Mûne Berg
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
plak Wynskoat
adresGrintwei 63
koördinaten53°08'N, 7°01'E
bysûnderheden
funksjeNôt- en pelmûne
flecht22,65 m
boujier1854
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer39014 [1]
Kaart
Berg (Grinslân)
Berg

De nôt- en pelmûne Berg oan 'e Grintwei 63 is de meast westlike fan 'e trije mûnen yn 'e Grinslânske stêd Wynskoat.

De mûne waard yn 1854 boud en bleau yn 'e 20e iuw yn it besit fan 'e famylje Berg. Dat ferklearret ek de namme fan 'e mûne.

De mûne is yn 2000 restaurearre en wurket sûnt dy tiid wer hielendal. In frijwillige mûnder set de Berg wer regelmjittich yn bedriuw.

Sûnt 1953 wie de gemeente Wynskoat eigner fan it monumint. Tsjintwurdich is dat de gemeente Aldamt, dêr't Wynskoat sûnt 2010 ûnder falt.

De mûne is de iennige fan 'e trije Wynskoater mûnen mei noch altiten selsswichting. De flecht is 22,65 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: