Springe nei ynhâld

Dessau-Roßlau

Ut Wikipedy
Dessau-Roßlau
Riedshûs
Riedshûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Saksen-Anhalt
Sifers
Ynwennertal 79.686 (31.12.2023)
Oerflak 244,79 km²
Befolkingsticht. 324 ynw./km²
Hichte 59 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 06842-06849, 06861. 06862
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51°50' N 12°14' E
Offisjele webside
dessau-rosslau.de
Kaart
Dessau-Roßlau (Saksen-Anhalt)
Dessau-Roßlau

Dessau-Roßlau is in kreisfreie Stadt yn it easten fan 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt. By de weryndielingen fan 1 july 2007 yn Saksen-Anhalt is de stêd ûntstien út de eardere plakken Dessau en Roßlau (Elbe). De stêd is neffens ynwenners nei Halle en Magdeburg de tredde stêd fan 'e dielsteat.

Dessau-Roßlau leit oan 'e iggen fan 'e Mulde, dy't noard fan 'e stêd yn 'e Elbe útmûnet. Histoarysk wie Dessau de haadstêd en de residinsje fan it foarstedom en lettere hartochdom Anhalt-Dessau en oant 1918 it hartochdom Anhalt, dat troch de Askaniërs regeard waard. De stêd presintearret him as Bauhausstêd.

Oant july 2007 wiene Dessau en Roßlau twa aparte stêden.

Dessau waard yn 1213 foar it earst neamd en ûnstie as hannelsplak op 'e krusing fan hannelsrûtes oan 'e Mulde tichteby de mûning fan 'e Elbe. Yn 1470 waard it plak de fêste residinsje fan 'e foarsten fan it lytse steatsje Anhalt-Dessau. De stêd hie mar in beheind selsbestjoer, sadat de skiednis fan 'e stêd net los te sjen is fan Anhalt-Dessau en syn foarstehûs.

Bauhaus, hjoed-de-dei UNESCO-wrâlderfgoed.

De stêd is fral bekend fanwegen de keunsthegeskoalle Bauhaus. Yn 1925 ferhûze dy út Weimar nei it nije Bauhaus-gebou, dat wrâldferneamd waard. De hegeskoalle sels waard yn 1932 ferhûze nei Berlyn en yn 1933 opheft.

Yn 'e 19e iuw profitearre de stêd fan 'e yndustrialisaasje. Sûnt 1918 wie Dessau de haadstêd fan 'e Frijsteat Anhalt. Dessau waard as haadstêd fan it NSDAP-goa Magdeburg-Anhalt nei de annekaasje fan Roßlau op 1 april 1935 in Großstadt mei mear as 100.000 ynwenners. Lykas yn in soad oare Dútske stêden waard yn 1938 de Alde Synagoge yn 'e brân stutsen en yn 'e tiid dêrnei binne alle noch oanwêzige joaden deportearre.

It âlde Dessau foar de bombardeminten.

Oan 'e râne fan 'e stêd leine de Junkers Flugzeug- und Motorenwerke en sadwaande wie Dessau sûnt 1940 it doel fan alliearde loftoanfallen. Op 7 maart 1945 waard it stedssintrum fan Dessau it doel fan in nachtlik Britsk bombardemint, wêrby't 700 minsken omkamen en 80% fan it beboude stedsgebiet ferneatige waard. Yn it histoaryske stedssintrum waard hast 97% fan alle gebouwen folslein ferneatige of net mear te renovearjen skansearre. Yn 1940 pykte it ynwennertal ta 131.400 ynwenners, mar nei de swiere bombardminten op 'e stêd sakke dat ynwennertal wer nei 85.663 ynwenners. Op 1 april 1946 waard de anneksaasje fan Roßlau weromdraaid. Dessau kaam yn 1949 yn 'e DDR te lizzen en wie doe gjin haadstêd mear. It stedssintrum waard mei in tal kultuergebouwen wer opboud yn 'e styl fan dy tiid.

Yn 1972 waard de grins fan mear as 100.000 ynwenners wer helle, mar nei de Wende yn 1989 gyng de yndustrybasis ferlern en soarge de hege wurkleazens foar it fertrek fan in soad ynwenners. Sels de anneksaasjes fan omlizzende gemeenten koene de ferliezen oan ynwenners net mear goed meitsje. De stêd is hjoed-de-dei ien fan 'e stêden mei de heechste fergrizing fan it lân (2022).

De iepening fan 'e fjirde Elbe-brêge yn 1836.

De namme Roßlau is fan Nederlânske oarsprong en tsjut op 'e stifting en bewenning fan minsken út it Noard-Brabânske Reusel en kontrijen. Yn 1583 waard in brêge oer de Elbe boud en 20 jier letter krige Roßlau stedsrjochten. Yn 1626 fûn by de brêge tusken protestantske troepen en troepen fan 'e keizer ûnder Wallenstein de Slach by Dessau plak. In pear jier letter (1631) waard de brêge ferneatige. Seis jier letter baarnden keizerlike troepen de stêd ôf. Ek yn 1717 wie der in slimme stedsbrân. Yn 1740 waard it riedshûs en it slot boud. Yn 1806 stieken de foar Napoleon flechtsjende Prusyske troepen de brêge yn 'e brân.

Yn 'e hjerst fan 1933 stifte it nasjonaal-sosjalistyske regear fan Anhalt oan 'e Hauptstraße 51 in ier konsintraasjekamp, dêr't fral kommunisten en sosjalisten fêst set waarden. It konsintraasjekamp waard yn 'e simmer fan 1934 wer sletten en de finzenen waarden nei KZ Lichtenburg oerbrocht.

Op 1 april 1935 waard de stêd Roßlau by Dessau yndield en dat bleau sa oant 1 april 1946. Dy anneksaasje waard dien om Dessau as Gauhauptstadt oan it fereaske minimum fan 100.000 bewenners te helpen. Yn 1952 waard fan it eastlike diel fan 'e doetiidske lânkring Zerbst it distrikt Roßlau stifte, dêr't Roßlau de haadstêd fan waard. Dy status ferlear Roßlau op 1 july 1994 mei de foarming fan de lânkring Anhalt-Zerbst.

De stêd hie by heechwetter fan 'e Elbe yn 2002 fan in soad skea te lijen.

Troch de yndustrialisaasje naam de befolking fan Roßlau oant likernôch 17.500 ynwenners ta. Yn 'e DDR-tiid naam it oantal ôf oant likernôch 15.000 ynwenners. Nei de Wende sakke it ynwennertal fierder. Koart foar de gearfoeging mei Dessau hie Roßlau noch 13.849 ynwenners.

De Ortschaften fann Dessau-Roßlau.

It stedsgebiet fan Dessau-Roßlaus is yn 2 Stadtteile en 25 Stadtbezirke yndield. De Stadtbezirke 1 oant 21 falle ûnder it stedsdiel Dessau, 22 oant 25 ûnder Roßlau.

Stedsdielen mei dielgemeenten
Dessau
01 I.B. Nord
02 I.B. Mitte
03 I.B. Süd
04 Süd
05 Haideburg
06 Törten
07 Mildensee
08 Waldersee mei Jonitz
09 Ziebigk
10 Siedlung
11 Großkühnau
12 Kleinkühnau
13 West
14 Alten
15 Kochstedt
16 Mosigkau
17 Zoberberg
18 Kleutsch
19 Sollnitz
20 Brambach
21 Rodleben mei Tornau en Bernsdorf
 
Roßlau
22 Roßlau
23 Meinsdorf
24 Mühlstedt
25 Streetz/Natho

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dessau-Roßlau hat twa UNESCO-ynskriuwingen: it Parklânskip Dessau-Wörlitz mei syn slotten en parken en Bauhaus en syn lokaasjes. Dêrnjonken stiet it Biosfearreservaat Midden-Elbe ûnder de ynskriuwing Biosfearreservaat Rivierlânskip Elbe ûnder beskerming fan UNESCO.

Ferskillende histoaryske gebouwen binne nei de ferneatiging yn 1945 wer opboud, lykas de Marijetsjerke en de Jehannestsjerke. It neorenêssânse riedshûs mei syn 73 meter hege toer waard yn 1945 yn ienfâldige foarm werboud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar referinsjes sjoch de:Dessau-Roßlau


Saksen-Anhalt Flagge fan Saksen-Anhalt
Landkreise

Altmarkkreis Salzwedel · Anhalt-Bitterfeld · Börde · Burgenlandkreis · Harz · Jerichower Land · Mansfeld-Südharz · Saalekreis · Salzlandkreis · Stendal · Wittenberg

Kreisfreie Städte:

Dessau-Roßlau · Halle · Magdeburg

· · Berjocht bewurkje